Fédération Internationale de Volleyball

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Fédération Internationale de Volleyball (FIVB) is it ynternasjonale bestjoersorgaan foar de sport follybal. It haadkantoar fan de FIVB is yn Lausanne, Switserlân.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De FIVB is yn 1947 oprjochte yn Parys, Frankryk. Foar de oprjochting fan de FIVB kaam der by ferskate Europeeske follybalbûnen it idee dat der ek in ynternasjonale oerkoepeljende federaasje komme moast foar de sport follybal. Troch de earste diskusjes dêroer waard der yn 1947 in Kongres hâlden. Fjirtjin nasjonale bûnen fertsjintwurdigen de fiif ferskate kontininten dy't oanwêzich wiene by dy gearkomsten. Ut dy gearkomsten waard de FIVB oprjochte mei de Frânsman Paul Libaud as earste presidint.

Ien fan de wichtichste doelstellings fan it Kongres yn 1947 waard twa jier letter helle mei de oprjochting fan it earste grutte ynternasjonale follybalevenemint, it Wrâldkampioenskip. De earste edysje wie allinne noch foar manlju, mar yn 1952 kaam der ek in edysje foar de froulju.

Yn 1964 stimde it Ynternasjonaal Olympysk Kommitee yn mei de taheakking fan it follybal ta it Olympysk program. Tsjin dy tiid wie it tal oansletten nasjonale bûnen útgroeid ta 89. Letter, yn 1969, waard der in nij ynternasjonaal evenemint ynfierd: de World Cup, dat yn 1991 omset wurde soe yn in kwalifikaasjewedstriid foar de Olympyske Spullen.

Nei't de hear Libaud mei pensioen gie waard de Meksikaan Rubén Acosta Hernandez keazen ta nije presidint fan de FIVB. It haadkantoar waard doe ferpleatst fan Parys nei Lausanne yn Switserlân. De FIVB woe doe dat it ynternasjonale follybal op in noch heger nivo komme soe, dat woe de FIVB berikke troch it ynstellen fan eveneminten dy't alle jierren hâlden wurde soene. Foar de manlju waard dat yn 1990 de World League en foar de froulju waard dat yn 1993 de World Grand Prix. Ek waard it strânfollybal yn 1996 akseptearre as Olympyske sport. Dêrneist makke de FIVB guon wizigings yn de spulregels fan it follybal om de sport wat moaier te meitsjen foar it publyk.

Yn 2010 binne der 220 nasjonale bûnen oansletten by de FIVB.

Aktiviteiten[bewurkje seksje | edit source]

Kompetysjes[bewurkje seksje | edit source]

De wichtichste aktiviteit fan de FIVB is in mondiale planning en organisaasje fan follybal eveneminten, soms yn kombinaasje mei oare ynternasjonale bestjoersorganen lykas it YOK. De FIVB hâldt him dan ûnder oare dwaande mei de kwalifikaasje, de formules foar de toernoaien, de opstellings fan ploegen en de lokaasjes. De FIVB organisearret ûnder oare de folgjende ynternasjonale follybal toernoaien:

Neist de toernoaien foar senioaren organisearret de FIVB ek wrâldkampioenskippen foar jongerein. Ek is de FIVB ferantwurdlik foar follybal op regionale toernoaien lykas op de Aazje Spullen en op de Pan-Amerikaanske Spullen.

Oar[bewurkje seksje | edit source]

In oar punt fan soarch foar de FIVB is de promoasje fan de sport follybal op de wrâld. In part fan de aktiviteiten fan de FIVB op dat mêd bestiet út it oanlûken fan mediapartners en sponsors troch it ûnderhanneljen yn útstjoerrjochten en it berikken fan grutte eveneminten.

De FIVB ûnderhâldt ek wiidweidige spesjale programma's dy't rjochte binne op de opmars fan it follybal op de wrâld. Dat docht de FIVB troch it opsetten fan sintra yn gebieten dêr't it follybal noch net sa populêr is. Ek wurdt der stipe jûn oan organisaasjes dy't noch net oan de easken foldogge om meidwaan te kinnen oan ynternasjonale wedstriden.

De FIVB is ek ferantwurdlik foar de spulregels en it byhâlden fan dy regels. Yn de ôfrûne jierren binne der in protte wizigings trochfierd yn ferbân mei de promoasjefisy, ek fûn de FIVB it wichtich dat it publyk mear niget krige oan it sjen nei it follybal. Dêrneist binne der ek wizigings trochfierd om foldwaan te kinnen oan de easken fan sponsors en media-organisaasjes. De feroarings fariearje fan de ferplichting foar follyballers om in 'trendy' unifoarm te dragen om it oantrekliker te meitsjen foar it publyk, oant fiergeande feroarings lykas it ynfieren fan it rally-point systeem.

De FIVB is dé ynternasjonale autoriteit yn it follybal, der wurdt besletten oer doping, nasjonaliteiten, geslacht feroarings ensafuorthinne. Ek publisearret de FIVB de Wrâldranglist follybal, dy't brûkt wurdt foar ynternasjonale kompetysjes.

Organisaasje[bewurkje seksje | edit source]

Kaart mei kontinintale federaasjes dy't oansletten binne by de FIVB

De FIVB hat in tige wiidweidige bestjoerlike struktuer, dat bestiet út in Ried fan Bestjoer, in Utfierend Komitee en it tal kommisjes en rieden dy't har dwaande hâlde mei spesifike follybalsaken, lykas skiedsrjochters, toernoaien en finânsjes.

By de FIVB binne fiif kontinintale federaasjes oansletten:

Asian Volleyball Confederation (AVC) foar Aazje en Oseaanje
Confederación Sudamericana de Voleibol (CSV) foar Súd-Amearika
Confédération Africaine de Volleyball (CAVB) foar Afrika
Confédération Européenne de Volleyball (CEV) foar Europa
North, Central America and Caribbean Volleyball Confederation (NORCECA) foar Noard-Amearika en Súd-Amearika

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]