Extreme Associates

Ut Wikipedy
Extreme Associates
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier North Hollywood (Kalifornje)
oprjochte 1997
opdoekt 2009
oprjochter Rob Zicari
eigner Rob Zicari
Janet Romano
fuortk. út Elegant Angel
offisjele webside
n.f.t. (bedriuw bestiet net mear)

Extreme Associates, earder ek wol bekend ûnder de nammen Extreme en Extreme 2.0, wie in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige wie yn North Hollywood, in wyk fan Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. It bedriuw lei him sûnt 2007 hielendal ta op it fersprieden fan pornografyske films fia it ynternet. It wie ien fan 'e lytsere spilers yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, mar kaam oates en toates yn it nijs troch syn kontroversjele publikaasjes en troch p.r.-oarloggen mei gruttere studio's.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Extreme Associates wie de kreaasje fan pornoprodusint Rob Zicari (ek wol bekend as Rob Black). It bedriuw ûntjoech him út Zicari syn eardere Extreme Video, in ymprint fan it gruttere label Elegant Angel. Yn 1997 ferlieten Zicari en de regisseurs Tom Byron en Van Damage Elegant Angel om har eigen studio op te rjochtsjen. Dat waard Extreme Associates. Byron en Damage giene nei in stik as wat jierren by de studio wei, en it bedriuw waard eigendom fan Zicari en syn frou Janet Romano. Harren relaasje begûn yn 1998, doe't Romano ûnder de artystenamme Lizzy Borden earst yn 'e films fan Extreme Associates spile, en letter sels films foar it label begûn te regissearjen.

Rob Zicari (Rob Black) en Janet Romano (Lizzy Borden).

Extreme Associates kaam geregeldwei yn it nijs trochdat it yn 'e media fetes útfocht mei de gruttere studio's Vivid Entertainment en Elegant Angel, mei AVN, it toanoanjaande tydskrift fan 'e Amerikaanske pornoyndustry, en mei de bekende pornoprodusint Larry Flynt.

Yn 2006 gie Extreme Associates in kontrakt oan mei de Nederlânske studio Shots Video Netherlands. Dêrtroch waard it de eksklusive Amerikaanske distributeur foar SVN, krekt sa't SVN al sûnt 2004 de distribúsje fan Extreme Associates yn Jeropa die. Extreme Associates wie fierders ek assosjearre mei in oare Amerikaanske pornostudio, Evolution Erotica. Yn 2007 kundige Extreme Associates oan dat se opholden mei de ferkeap fan dvd's, mei't dat net mear leanne. Ynstee lei it bedriuw him fan doe ôf oan folslein ta op in video on demand-tsjinst, wêrby't men tsjin betelling pornofilms fia it ynternet sjen koe.

De films dy't Extreme Associates produsearre, wiene kontroversjeel fanwegen de rûge seks en om't der gauris seksuële fernedering yn foarkaam. In foarbyld dêrfan wie it troch Romano regissearre Forced Entry ("Forsearre Binnenkomst"), in term dy't yn it Ingelsk normaal op ynbraak slacht, mar hjir dûbelsinnich bedoeld wie, mei't der ferskate yn sêne sette ferkrêftings yn foarkamen. Dêrfandinne dat it bedriuw yn 2003 troch it Amerikaanske Iepenbier Ministearje yn steat fan beskuldiging steld waard foar it fersprieden fan obseniteit. Zicari en Romano koene dêrfoar maksimaal in finzenisstraf fan fyftich jier krije, of in boete fan $2,5 miljoen, of beide. De rjochter spriek harren yn 2005 lykwols frij. Doe't de iepenbier oanklager yn heger berop gie, waard der yn 2009 in skikking troffen, wêrby't Zicari en Romano foar in diel skuld bekenden yn ruil foar in lege straf en in ein oan 'e rjochtsaak. Dêrby waard de studio effektyf opdoekt en de webside opheft.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.