Eupen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Eupen
Lizzing fan de gemeente Eupen yn de provinsje Luik
Lizzing fan de gemeente Eupen yn de provinsje Luik
Sifers
Ynwennertal 18.717 (2010)
Oerflak 103,74 km²
Befolkingstichtens 180 / km²
Polityk
Lân Belgje
Provinsje Luik (provinsje)
Regio Walloanje
Oar
Koördinaten
Webside http://www.eupen.be/

Eupen (Frânsk, âldfrinzich: Néau) is in stêd en fasiliteitengemeente yn East-Belgje, yn it easten fan de provinsje het oosten van de Luik (arrondissemint Verviers), tichtby de Dútske grins. It is in Dútsktalige stêd en de haadstêd fan de Dútsktalige Mienskip. Op âlde Frânsktalige militêre kaarten waard it plak ek wol Néau neamd.

Eupen bestiet út in boppe- en in ûnderstêd. De benedenstêd leit oan de rivier de Vesder. It stsjon fan Eupen leit yn de boppestêd en is it einpunt fan de yntercityferbining mei Oostende, oer ûnder oaren Brussel.

Yn 1977 waard Kettenis oan Eupen taheakke. yn 2005 fusearren twa pedagogyske ynstituten en in ferpleechstersskoalle ta de Autonome Hochschule in der deutschsprachigen Gemeinschaft, de iennige iepenbiere Dútsktalige hegeskoalle yn Belgje. De hegeskoalle jout bacheloropliedingen foar beukerûnderwizer, ûnderwizer en ferpleechkundige.

Polityk[bewurkje seksje | edit source]

Bestjoer 2007-2012[bewurkje seksje | edit source]

It bestjoer fan Eupen bestiet út in koälysje fan CSP en PDB.

De neikommende persoanen sitte yn it bestjoer:

Kolleezje fan boargemaster en skepenen
Boargemaster Elmar Keutgen (CSP)
Skepenen Patrick Meyer (CSP)
Patricia Creutz-Vilvoye (CSP)
René Bartholemy (CSP)
Dieter Pankert (PDB)
Martin Orban (CSP)

Natuer[bewurkje seksje | edit source]

In part fan de grutte bosk Hartogenwâld falt yn it súdlik diel fan de gemeente Eupen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]