Eugène Ionesco

Ut Wikipedy
Eugène Ionesco
skriuwer
Eugène Ionesco yn 1993.
Eugène Ionesco yn 1993.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Eugen Ionescu
nasjonaliteit Roemeensk
Frânsk
berne 26 novimber 1909
berteplak Slatina (Roemeenje)
stoarn 28 maart 1994)
stjerplak Parys (Frankryk)
etnisiteit Roemeensk
Frânsk
wurk
taal Frânsk
sjenre lit. romans & koarte ferh., toaniel,
essay's, poëzij, non-fiksje,
deiboek
perioade 2e helte 20e iuw
streaming absurdisme
bekendste
  wurk(en)
La Cantatrice Chauve
("De Keale Sjongster")
jierren aktyf 19501994
offisjele webside
www.ionesco.org

Eugène Ionesco, berne as: Eugen Ionescu (útspr.: [e.u'ʤen i.o'nesku]; Slatina (Roemeenje), 26 novimber 1909Parys (Frankryk), 28 maart 1994), wie in Roemeensk-Frânsk skriuwer, toanielskriuwer, essayist, dichter en literatuerkritikus, dy't meast yn 'e Frânske taal skreau. Hoewol't er it bekendst waard mei syn toanielstikken, begûn er pas let mei dat sjenre. Ionesco stiet bekend om syn bespotlik meitsjen fan 'e banaalste sitewaasjes, en wurdt yn 'e Frânske literatuer rekkene ta de streaming fan it Théâtre de l'absurde ("Teäter fan it Absurde").

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ionesco waard yn 1909 berne yn it Roemeenske Slatina, yn it suden fan 'e lânstreek Walachije, net fier fan 'e grins mei Bulgarije ôf. Guon boarnen neame 1912 as syn bertejier, mar dat is in flater dy't te witen is oan 'e idelheid fan Ionesco sels. Syn heit wie in Roemeen, dy't hearde ta de Roemeensk-Otterdokse Tsjerke; syn mem wie heal fan Frânsk komôf, en hearde foar de oare helte ta de Grykske minderheid yn Roemeenje. Hja wie fan hûs út protestantsk, mar Ionesco waard Roemeensk-otterdoks grutbrocht.

Hy brocht syn jonkheid foar in grut diel yn Frankryk troch, en hie dêr op jonge jierren in aparte ûnderfining dy't nei eigen sizzen syn libben feroare. Syn biografe Deborah B. Gaensbauer omskriuwt dat barren yn Eugene Ionesco Revisited sa: "Wylst er wat omkuiere yn 'e simmerske sinneskyn yn in wytkalke provinsjaal doarp ûnder in yntins blauwe loft, waard [Ionesco] yngeand feroare troch it ljocht." Hy waard tige ynienen rekke troch in gefoel fan trochkringende ljochtsjendheid, it gefoel dat er fan 'e grûn ôf omheech sweefde en in gefoel fan oerstjalpjend wolwêzen. Doe't er wer nei de grûn ta "sonk" en it "ljocht" him ferliet, besefte er dat de wrâld yn ferliking dêrmei yn en al ferfal, ferrotting en betsjuttingsleaze rûntsjedraaierij wie. Op dat stuit krong ek ta him troch dat eltsenien úteinlik stjerre moat. Ionesco yn hiele oeuvre is trochdrinzge fan dit foarfal en de gefolgen dy't it foar him hie.

It grêf fan Eugène Ionesco.

Ionesco kearde yn 1925 nei Roemeenje werom, nei't syn âldelju skieden wiene. Dêr gied er nei it Nasjonaal Kolleezje Sint-Sava en studearre er letter, fan 1928 oant 1933, Frânske taal- en letterkunde oan 'e Universiteit fan Boekarest. Under syn stúdzjetiid kaam er yn 'e kunde mei de filosoof en essayist Emil Cioran en de ferneamde godstsjinsthistoarikus en filosoof Mircea Eliade, mei wa't er syn hiele libben lang befreone bliuwe soe. Yn 1933 studearre er ôf mei it foech om Frânske les oan 'e middelbere skoalle te jaan. Yn 1936 troude er mei Rodica Burileanu (1910-2004), mei wa't er in dochter krige dêr't er in stikmannich ûnkonvinsjonele berneferhalen foar skreau.

Yn 1938 fêstige er him mei syn gesin yn Frankryk, dêr't er syn doktoraat behelje woe, mar doe't in jier letter de Twadde Wrâldoarloch útbriek, gied er werom nei Roemeenje, tinkend dat dat lân bûten de oarloch bliuwe kinne soe. Doe't dat idele hope bliek, regele er mei help fan freonen reisdokuminten en sette er wer nei Frankryk ta, dêr't er fan 1942 oant 1944 mei syn gesin yn Marseille wenne. Nei de befrijing fan Parys ferfearen se dêrhinne.

Hoewol't er fierwei it bekendst wurden is as toanielskriuwer, wie Ionesco yn 't earstoan fral in dichter en literatuerkritikus. In opmerklik ier wurk fan sines is Viata Grotesca şi Tragica a lui Victor Hugo ("It Groteske en Tragyske Libben fan Victor Hugo"), in satiryske biografy út 1936, wêryn't Ionesco de spot dreau mei de status fan dy reus op it mêd fan 'e Frânske literatuer. Teffens wie it ien fan syn seldsume yn it Roemeensk skreaune wurken, mei't er foar syn literatuer meast de Frânske taal brûkte. Syn earste toanielstik, it ferneamde La Cantatrice Chauve (De Keale Sjongster), skreau Ionesco pas yn 1948 (it waard publisearre yn 1950), doe't er al krapoan fjirtich jier wie. Syn stikken wjergalmje syn jonkheidsûnderfining, en toane in ôfwearze foar de materiële wrâld, in mistrouwen foar kommunikaasje en it subtile gefoel dat der in bettere wrâld fûn wurde kin krekt oarekant ús eigen reäliteit. Syn personaazjes langje nei wat ûnberikbers, of wurde dy oare wrâld sa heal en heal gewaar mar kinne der krekt net by. Se leare te fleanen, krije ekstatyske iepenbierings fan skientme, reitsje deprimearre fan 'e wrâld sa't dy is, en beseffe de ûnûntkomberens fan 'e dea.

Yn 1970 waard Ionesco opnommen yn 'e Académie française, in prestizjeuze eare dy't net de earste de bêste ta diel falt. Fierders wûn er in grut tal prizen, wêrûnder de Prix Italia (1963); de Frânske Grand Prix National foar teäter (1970); de Monegaskyske Grand Prix (1969); de Eastenrykske Steatspriis foar Jeropeeske Literatuer (1970); en de Jeruzalimpriis (1973). Teffens waarden him earedoktoraten ferliend troch universiteiten yn New York, Leuven, Warwick en Tel Aviv. Ionesco stoar op 28 maart 1994, en waard begroeven op it Montparnasse-begraafplak yn Parys.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Toanielstikken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1950 - La Cantatrice Chauve
  • 1950 - Les Salutations
  • 1951 - La Leçon
  • 1952 - Les Chaises
  • 1953 - Le Maître
  • 1953 - Victimes du Devoir
  • 1953 - La Jeune Fille à Marier
  • 1954 - Amédée ou Comment s'en Débarrasser
  • 1955 - Jacques ou la Soumission
  • 1955 - Le Nouveau Locataire
  • 1955 - Le Tableau
  • 1956 - L'Impromptu de l'Alma
  • 1959 - Tueur sans Gages
  • 1959 - Scène à Quatre
  • 1959 - Rhinocéros
  • 1960 - Apprendre à Marcher
  • 1962 - Délire à Deux
  • 1962 - L'Avenir Est dans les Œufs
  • 1962 - Le Roi Se Meurt
  • 1962 - La Photo du Colonel
  • 1962 - La Colère
  • 1963 - Le Piéton de l'Air
  • 1964 - Exercices de Conversation et de Diction Française pour Étudiants Américains
  • 1964 - La Soif et la Faim
  • 1966 - La Lacune
  • 1966 - L'Œuf Dur
  • 1970 - Jeux de Massacre
  • 1972 - Macbett
  • 1973 - Ce Formidable Bordel!
  • 1975 - L'Homme aux Valises
  • 1980 - Voyage chez les Morts
  • 19?? - Le Salon de l'Automobile
  • 19?? - La Vase

Essaybondels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1966 - Notes et Contre-notes
  • 1969 - Découvertes
  • 1977 - Antidotes
  • 1979 - Un Homme en Question
  • 1986 - Non
  • 1987 - La Quête Intermittente

Oar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1936 - Viata Grotesca și Tragica a lui Victor Hugo (satiryske biografy)
  • 1962 - La Photo du Colonel (ferhalebondel)
  • 1967 - Journal en Miettes (deiboekpassaazjes)
  • 1968 - Présent Passé, Passé Présent (deiboekpassaazjes)
  • 1973 - Le Solitaire (roman)
  • 1981 - Le Blanc et le Noir (grafysk wurk)
  • 1985 - Maximilien Kolbe (opera, op muzyk fan Dominique Probst)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.