Ettore Majorana

Ut Wikipedy
Ettorei Majorana.

Ettore Majorana (Catania, Itaalje 5 augustus 1906 - (?) 27 maart 1938) wie in Italjaansk teoretysk natuerkundige. Hy wurke oan de beskriuwing fan de massa fan neutrino's. Hy wie in meiwurker fan Enrico Fermi. Fermi liet him tige loovjend út oer Majorana; natuerkundigen soenen neffens him te ferdielen wêze yn gewoane, bûtengewoane- lykas himsels - en sjenyen lykas Majorana.

Mystearje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1938 ferdwûn Majorana op in boatreis fan Palermo nei Napels. Der binne meardere teoryen oer syn ferdwining. Hy liet twa brieven nei dêr't in soarte fan ôfskied yn beskreaun stie, wêrtroch't tocht wurdt dat er himsels fan kant makke hat, mar hy soe ek ferdwûn wêze kinne om mei in oare identiteit fierder te libjen, of ûntfierd of fermoarde wêze kinne. Omdat Majorana syn libbenlang in djipleauwige katolyk wie en in soad skreau oer de befêstiging fan syn roomske leauwe troch de natuerwittenskippen, postulearre de skriuwer Leonardo Sciascia desennia letter de teory dat Majorana mooglik yn in kleaster yntreden wie en him dêrmei folslein fan de wrâld isolearje woe. Majorana hat ris tsjin Albert Einstein sein dat de wrâld troch technologyske foarútgong op in eksplosyf stie, mar dat de minskheid gelokkich de ûntstekking noch net fûn hie.