Eton Fives

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Eton Fives baan yn Londen

Eton Fives, besibbe oan it Rugby Fives en Winchester Fives, is in Ingelske muorrekeatsfariant spile op in baan mei trije muorren. It wurdt as dûbelspul spile. In Eton Fives keatsbaan is min-ofte-mear in kopy fan in gloppe rjochts fan de yngong fan de kapel op it terrein fan it Eton Kolleezje. De earste banen binne bouwd yn 1840. It bysûndere oan de banen is it nivo ferskil op de flier en in útstekkend muorke yn de lofter sydmuorre.

It spul wurdt fanâlds meast spile troch studinten. It grutste part fan de Eton Fives banen is dan ek te finen op de terreinen fan skoallen en universiteiten. Allinne yn Londen binne in tal publike banen.

Bûten Ingelân wurdt it spul mar kwalik spile, al binne der in pear banen, guon mei aktive klups, yn Switserlân, Frankryk, Maleizje en Nigearia.

It spul wurdt regulearre troch de Eton Fives Association.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]