Espelbachshûs

Ut Wikipedy
Espelbachshûs yn 1603
Espelbachshûs yn 2006

It Espelbachshûs stie yn Ljouwert, op it hjoedddeiske steed fan Iewâl nr. 65.

De stêdsstins sil yn de 15e en mooglik al yn de 14e iuw boud wêze. It hjoeddeiske pân waard boud yn Louis XVI-styl. It giet grif om in djipsetten sealstins fan de Dekema’s of Liauckama’s. It hûs waard om 1845 troch Jhr. Van Humalda tsjin de Ljouwerter argivaris en skiedskriuwer Wopke Eekhoff ôfskildere as in sterk gebou fan ien ferdjipping heech, op oerwulfte kelders boud wêrtroch't de haadyngong in stoepe mei in oantal treden foar him hie. Jonker Van Humalda fertelde dat de readferve foargevel net folle ramen hie dan ek noch tige lytse, mei yn lead setten rútsjes en traaljes derfoar. De fûneminten moatte tige tsjok west hawwe want de foet fan de muorre rûn fan strjittehichte skean omheech oant de hichte fan de flier. Dat wiist op in ferdigenber karakter fan it oarspronklike hûs en dus in boutiid fan nei skatting 1450 of earder. It hûs hie in grutte tún dy't fan de Iewâl trochrûn nei de Speelmansstrjitte en fan beide strjitten ôfskieden waard troch in hege túnmuorre. Stalling en weinhuis leinen oan de efterside en kamen op de Speelmansstrjitte út.

De famylje Fan Espelbach wie fan Dútske komôf en grif yn it gefolch fan de Hartoch fan Saksen yn 1498 nei Fryslân komd. De earste Espelbach dy't neamd wurdt yn ferbân mei it hûs is Georg fan Espelbach, sûnt 1561 grytman fan Barradiel. Ek wie hy drossaard fan it Kastiel yn Harns en âlderman fan dy stêd. Hy wie troud mei Catharina fan Dekema, dochter fan riedshear Sicke fan Dekema en Luts fan Liauckama. Georg stoar yn 1575 en waard yn Harns te hôf brocht. Syn soan Georg erfde it hûs en wenne dêr oant syn dea yn 1644.

Dy syn erfgenamten akkordearden om hûs en hiem, wurdearre op in som fan 9380 gûne, yn fjouwer persielen te ferdielen. By lotting foel it hûs sels ta an jnkhear Ghysbrecht fan Bronckhorst, Hear fan der Skoat, troud mei Anna fan Espelbach. It is net bekend hoe lang oft se it hûs yn eigendom hân hawwe.

Nei harren kaam it hûs yn hannen fan Tsjalling fan Camstra, eigener fan Tjaardastate yn Rinsumageast, troud mei Maria Anna fan Aebinga. Se wienen yn 1682 eigeners, grif troch it houlik fan Willem fan Bronckhorst mei Jel fan Aebinga.

Maria Anna fan Aebinga liet it hûs mei tún en alle byhearrende grûnpachten fan ferskate tichtbylizzende huzen by testamint nei oan har âldste dochter Anna Lucia fan Camstra, yn 1711 troud mei Minne Frans fan Burmania. Anna ferstoar hjir yn 1745, 70 jaar âld en sûnder bern.

Ien fan har erfgenamten wie in baron Van Plettenberg dy't uit hûs in pear jier letter ferkocht oan Doeke Ritskes Smeding, dy't it yn 1794 ôfbrekke liet en it hjoeddeiske grutte pân yn lette Loadewyk XVI-styl op it stee fan it hûs èn it foarplein bouwe liet. In grut diel fan de, troch in eardere opdieling al sterk ferlytse hof, wie foar dy ferkeap al as boukavels foar wenningen ferpachte. Dêrtroch bleau der mar in, yn ferhâlding ta de oarspronklike opperflakte, lytse tún oer.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Sicke fan Dekema en Luts fan Liauckama (?)
  • < 1575 Georg fan Espelbach I en Catharina fan Dekema
  • 1575 - 1644 Georg fan Espelbach II
  • Ghysbrecht fan Bronckhorst, Hear fan der Skoat en Anna fan Espelbach
  • Willem van Bronckhorst en Jel fan Aebinga (?)
  • Tsjalling fan Camstra en Maria Anna fan Aebinga
  • < 1745 Anna Lucia fan Camstra
  • Baron Van Plettenberg
  • Doeke Ritskes Smeding

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Geschiedkundige beschrijving van Leeuwarden troch W. Eekhoff, 1846
  • Adelshuizen in Leeuwarden troch M.W. Meijer, 1980