Esens

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Stedswapen


Esens
Riedhuis, it eardere Paleis von Heespen
Riedhuis, it eardere Paleis von Heespen
Sifers
Ynwennertal 6900 (2009)
Oerflak 26,83 km²
Befolkingstichtens 260 km²
Hichte 3 m
Polityk
Lân Dútslân
Provinsje Nedersaksen
Landkreis Wittmund
Boargemaster Klaus Wilbers (SPD)
Oar
Stifting neamd yn 800
Postkoade 26427
Koördinaten
Webside www.esens.de

Esens is in gemeente en stêd yn East-Fryslân yn de Dútse dielsteat Nedersaksen, en is part fan de samtgemeinde mei deselde namme yn it landkreis Wittmund. Esens hat sa'n 6894 ynwenners en leit sa'n fjouwer km fan de Waadsee ôf.

Twadde Wrâldkriich[bewurkje seksje | edit source]

Nettsjinsteande it feit dat Esens militêr sjoen net wichtich wie, hie de stêd op 27 septimber 1943 swier te lijen fan in alliëard bombardemint dêr't 65 deaden by foelen. Letter die bliken dat de bommen foar Emden ornearre wienen.[1]

Oant yn 1940 hie Esens ek in joadske mienskip.[2] De eardere synagoge en de Joadske skoalle binne der noch; de synagoge is no in garaazje.

Bensersyl[bewurkje seksje | edit source]

Bensersyl leit oan de noardkust fan East-Fryslân, op 4 kilometer fan Esens, dêr't it ek ta heard. It kustplak is in kueroard (Seeheilbad) en hat in jacht- en fiskershaventsje. Mei in fearboat is it eilân Langereach út Bensersyl wei te berikken.[3]

Galery[bewurkje seksje | edit source]

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dokumintaasje fan Gerd Rokahr: „Der Bombenangriff auf Esens am 27. September 1943“
  2. Herbert Obenaus (Hrsg.), Historisches Handbuch der Jüdischen Gemeinden in Niedersachsen und Bremen ISBN 3-89244-753-5
  3. http://www.bensersiel.de/