Erskin Caldwell

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Erskine Caldwell

Erskine Preston Caldwell (White Oak, Georgia, 17 desimber 1903 - Tucson Arizona, 11 april 1987) wie in Amerikaansk skriuwer fan romans en koarte ferhalen.

In wichtich tema yn syn wurk is it beskriuwen fan de sosjale situaasje fan de earme blanke befolking yn it suden fan de Feriene Steaten. Caldwell fêstige syn namme mei syn debútroman Tobacco Road (1932). In jier letter folge it ek súksesfolle God's Little Acre (Ien ikker foar God, 1933).

De koarte ferhalen binne bondele yn ûnder oaren American earth (1931), Southways (1938) en When you think of me (1959).

Yn de Twadde Wrâldkriich slagge it Caldwell reisdokuminten foar de Sovjet-Uny te besetten en gie er nei de Oekraïne as útlânsk korrespondint. Hy rekke tige desyllúzjonearre troch alle yntriges fan it Stalinistysk rezjym; it ynspirearre him ta it koarte ferhaal "Message for Genevieve," publisearre yn 1944. It ferhaal giet oer de eksekúsje fan in froulik sjoernalist dy't yn in geheime rjochtsitting fan spionaazje beskuldige wurdt.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]