Ernesto Cardenal

Ut Wikipedy
Ernesto Cardenal
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ernesto Cardenal Martínez
nasjonaliteit Nikaragûaansk
berne 20 jannewaris 1925
berteplak Granada (Nikaragûa)
stoarn 1 maart 2020
stjerplak Managûa
etnisiteit Nikaragûaansk
wurk
taal Spaansk
sjenre poëzij, essay's
perioade 2e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Salmos ("Psalmen")
jierren aktyf 1957 – no
offisjele webside
gjint
N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Ernesto. De earste efternamme (fan heitekant) is Cardenal, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Martínez. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Cardenal of oars Cardenal Martínez brûkt wurde.

Ernesto Cardenal (folút: Ernesto Cardenal Martínez; Granada, 20 jannewaris 1925 - Managûa, 1 maart 2020) wie in Nikaragûaansk dichter, essayist, oersetter, roomsk preester, teolooch en politikus. Jierrenlang krewearre er yn syn heitelân fanút syn leauwe, as befrijingsteolooch, tsjin 'e diktatuer fan 'e Somoza-famylje, en wied er in aktyf lid fan it sandinistyske ferset. Nei de Nikaragûaanske Revolúsje fan 1979 waard er minister yn it nije sandinistyske regear, wat him streekrjocht yn botsing brocht mei de paus. Oant syn dea wie Cardenal aktyf op 'e lofterside fan 'e Nikaragûaanske polityk. Fierders wied er de stifter fan 'e primitivistyske keunstnerskoloanje op 'e Solentiname-eilannen, en oefene er mei syn poëzij in djippe ynfloed út op 'e Spaansktalige literatuer. Hy waard wol beskôge as ien fan 'e wichtichste Latynsk-Amerikaanske dichters fan 'e tweintichste iuw.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iere jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cardenal waard berne yn in begoedige maatskiplik fermidden yn 'e Nikaragûaanske stêd Granada. Hy studearre literatuer yn 'e Nikaragûaanske haadstêd Managûa en fan 1942 oant 1946 yn Meksiko. Letter ferfolge er syn stúdzje fan 1947 oant 1949 te New York. Yn 1949 en 1950 reizge er geandefoets troch Itaalje, Spanje en Switserlân.

Politike belutsenens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn weromkear yn Nikaragûa wie Cardenal yn 1954 oan kop en earen ta behelle yn 'e saneamde Aprilrevolúsje, wêrby't besocht waard om 'e diktator Anastasio Somoza García ôf te setten. Dat besykjen ta in steatsgreep betearde jammerdearlik en einige mei de dea fan withoefolle fan syn freonen. Neitiid naam Cardenal de wyk nei de Feriene Steaten, dêr't er him by it trappistekleaster fan Gethsemani joech, yn 'e steat Kentucky, dat laat waard troch in oare dichter-preester, Thomas Merton. Yn 1959 ferliet Cardenal Gethsemani om teology te studearjen oan 'e universiteit yn it Meksikaanske Cuernavaca. Yn 1965 waard er yn syn bertestêd Granada ta preester wijd. Dêrnei sette er him nei wenjen op 'e Solentiname-eilannen, foar de Nikaragûaanske kust, dêr't er in kristlike, suver monastyske mienskip stifte, dy't him úteinlik ûntjoech ta in keunstnerskoloanje.

Yn dy snuorje ûnderhold Cardenal nauwe bannen mei it loftse Nasjonale Sandinistyske Befrijingsfront (FSLN), dat troch in wapene striid besocht om 'e diktatuer fan Anastasio Somoza Debayle ûnder fuotten te heljen. Ek in protte oare bewenners fan 'e koloanje op 'e Solentiname-eilannen wiene aktyf belutsen by it ferset. Sadwaande fierden regearingstroepen yn 1977, nei't der yn it tichtby leine San Carlos in legerbasis besketten wie, in oanfal út op 'e eilannen, wêrby't de hiele koloanje mei de grûn lyk makke waard. Cardenal flechte nei Kosta Rika, dêr't er him noch aktiver mei de guerrilja-oarloch begûn te bemuoien.

Op 19 july 1979, fuort nei de Fal fan Managûa, waard Cardenal beneamd ta minister fan Kultuer yn it nije sandinistyske regear fan Nikaragûa. Hy rôp op ta in "revolúsje sûnder wraak". Syn broer Fernando Cardenal, dy't ek al in roomsk preester wie en dêropta in jezuyt, waard oansteld ta minister fan Underwiis. Doe't paus Jehannes Paulus II Nikaragûa yn 1983 besocht, beskrobbe er Ernesto Cardenal, dy't foar him delknibbele, yn it iepenbier op 'e lâningsbaan fan it fleanfjild fan Managûa, om't er it pauslik befel wegere hie om syn ministerspost op te jaan. De paus hiet him: "Usted tiene que arreglar sus asuntos con la Iglesia" ("Jo moatte jo saken mei de Tsjerke op oarder bringe"). Likegoed bleau Cardenal noch fjouwer jier, oant 1987, minister fan Kultuer, en joech er syn ministerskip doe noch inkeld op om't syn ministearje fuortbesunige waard.

Op 4 febrewaris 1984 sette Jehannes Paules II Cardenal út it preesteramt omreden fan syn oanhâldende politike belutsenens. Dat wie bedoeld as in tydlike maatregel, mar bleau fan krêft oant 2019, doe't op 18 febrewaris bekendmakke waard dat paus Fransiskus Cardenal wer ta it preesteramt talitten hie.

Yn 1994 sei Cardenal syn lidmaatskip fan it FSLN op, net om't syn loftse politike opfettings feroare wiene, mar om't er fûn dat it FSLN ûnder Daniel Ortega de âlde ideälen oan 'e dyk set hie en in fiersten te autoritêre toan oansloech. Neitiid wie Cardenal oan syn dea ta lid fan in ôfspjalting fan it FSLN, de Sandinistyske Fernijingsbeweging (MRS), dy't yn 2006 meidie oan 'e Nikaragûaanske ferkiezings. In pear dagen foar dy ferkiezings helle Cardenal noch út nei Ortega mei de wurden: "Ik leau dat it winskliker wêze soe om in autentyk kapitalisme te hawwen, lykas dat fan Montealegre [ferwizend nei Eduardo Montealegre, de lieder fan 'e konservative opposysje], as in ferfalske revolúsje."

Yn 2011 makke Cardenal in rûnreis troch de Feriene Steaten, wêrby't er oan ferskate universiteiten lêzings joech. Dêrby soarge syn marxistyske ideology foar kontroverse. Sa kearde it Amerikaansk Genoatskip foar de Ferdigening fan Tradysje, Famylje en Besit (ASDTFP) him tsjin it oanheljen fan Cardenal troch roomske ynstituten lykas de jezuïtyske Xavier Universtiteit yn Cincinnati.

Dichterskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al sûnt syn iere jierren brûkte Cardenal syn poëzij om syn politike stânpunten út te dragen. Nettsjinsteande, of miskien wol tanksij dat, wied er in tige ynfloedryk figuer yn 'e literatuer fan Nikaragûa en fan 'e hiele Spaansktalige wrâld. Yn 1980 krige er mei de Fredespriis fan de Dútske Boekhannelsbrâns syn earste wichtige ynternasjonale priis; deselde priis soed er yn 2005 nochris takend krije. Oare prizen dêr't Cardenal mei eare waard, wiene de Peace Abbey Courage of Concience Award (1990), de Ibearo-Amerikaanske Poëzijpriis Pablo Neruda (2009) en de Keningin Sofia-priis foar Ibearo-Amerikaanske Poëzij (2012). Teffens waard er yn 2010 ûnderskaat mei it Eastenrykske Earekrús foar Keunst en Wittenskip, 1ste klasse. Yn 2005 wied er nominearre foar de Nobelpriis foar de Literatuer, mar dy krige er net.

Ernesto Cardenal by in besyk oan San Diego, yn 2001.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cardenal rekke oan 'e ein fan syn libben yn 'e minnichte troch oanhâldende hertproblemen en swierrichheden mei de nieren. Hy kaam op 1 maart 2020 yn 'e hege âlderdom fan 95 jier te ferstjerren yn 'e Nikaragûaanske haadstêd Managûa.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1957 – Hora 0 ("Oere 0")
  • 1960 – Gethsemani Ky
  • 1961 – Epigramas ("Epigrammen")
  • 1964 – Salmos ("Psalmen")
    • Fryske oersetting: Moderne Psalmen (fert. Klaas Bruinsma, 19??; sjoch fierder ûnder "Cardenal yn it Frysk")
  • 1965 – Oración Por Marilyn Monroe ("Gebed foar Marilyn Monroe")
  • 1966 – El Estrecho Dudoso ("De Twifelige Seestrjitte")
  • 1968 – Mayapán
  • 1969 – Homenaje a los Indios Americanos ("Homaazje oan de Amerikaanske Yndiaan")
  • 1973 – Canto Nacional ("Nasjonaal Liet")
  • 1973 – Oráculo sobre Managua ("Orakel oer Managûa")
  • 1978 – Canto a un País que Nace ("Liet foar in Lân yn Wurding")
  • 1981 – Tocar el Cielo ("Reitsje de Himel oan")
  • 1984 – Vuelos de Victoria ("Oerwinningsflechten")
  • 1985 – Quetzalcúatl
  • 1988 – Los Ovnis de Oro ("De Goudene UFO's")
  • 19?? – Con Walker en Nicaragua ("Mei Walker yn Nikaragûa")
  • 1989 – Cántico Cósmico ("Kosmysk Liet")
  • 1993 – El Telescopio en la Noche Oscura ("De Tilleskoop yn de Tsjustere Nacht")
  • 1996 – Antología Nueva ("Nije Blomlêzing")
  • 2005 – Versos del Pluriverso ("Fersen út it Pluriversum")
  • 2006 – Pasajero de Tránsito ("Passazjier op Trochreis")
  • 2012 – El Celular y Otros Poemas ("De Finzene en Oare Gedichten")
  • 2012 – Hidrógeno Enamorado ("Ferstikkend Fereale"; blomlêzing)
  • 2013 – Somos Polvo de Estrellas ("Fan Stof Binne de Stjerren"; blomlêzing)

Cardenal yn it Frysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan Ernesto Cardenal waard troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma de dichtbondel Salmos nei it Frysk ta oerbrocht, ûnder de titel Moderne Psalmen. Dy oersetting datearret nei gedachten út it begjin fan 'e njoggentiger jierren of mooglik út 'e jierren tachtich, mei't er al neamd wurdt yn in artikel yn 'e Ljouwerter Krante dat yn septimber 1991 ferskynde ta gelegenheid fan Bruinsma syn publikaasje fan Sofoklês: Trije Trageedzjes.[1] Yn it digitaal argyf fan Tresoar is der lykwols neat fan werom te finen, dat foar 't neist leit Moderne Psalmen spitigernôch noch earne by Bruinsma thús yn in laad te stofgarjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kroes, Jan, Trije Trageedzjes fan Sofoklês Ferfryske, yn: de Ljouwerter Krante, 13 sept. 1991.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.