Ermenonville

Ut Wikipedy
Ermenonville
Flagge Wapen
Polityk
Lân Frankryk
Regio Opper-Frankryk
Departemint Oise
Arrondissemint Senlis
Sifers
Ynwennertal 990 (2012)
Oerflak 16,6 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 60 / km²
Hichte 71 - 122 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Webstee fan de gemeente
Kaart fan de gemeente en omkriten

Ermenonville is in gemeente yn it departemint Oise en de regio Opper-Frankryk sa'n 45 km noardeastlik fan Parys.
Ermenonville is ferneamd foar it Jean-Jacques Rousseau-park, en de tombe fan Jean-Jacques Rousseau op in eilantsje yn it park.

De gemeente hat in lyts ferdivedaasjepark: la Mer de Sable.

Op 3 maart 1974 kaam Ermenonville yn it nijs om't der in fleanmasine yn de omkriten delstoarte, wat doe it slimste fleanmasineûngemak ea wie. Alle 346 ynsittenden fan Turkish-Airlines-flecht 981 ferlearen it libben.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untjouwing befolking
Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2009 2011
Ynwennertal 493 528 604 778 782 830 949 979

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]