Erkenwald

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Erkenwald, (ek wol Earconwald, Ercenwald en Erconwald (? -693) wie in Ingelsk biskop, yn de Angelsaksyske kristlike tsjerke fan 675 oant 693, dy't nei syn dea hillige waard.

Erkenwald waard berne yn Lindsey en soe in soan west hawwe fan kening Anna fan East Anglia. Hy stifte de abdijen fan Chertsey (foar manlju, yn Surrey) en Barking (foar froulju, yn Esseks) foar himsels en syn suster Ethelburga. Yn 675 wijde aartsbiskop Theodorus fan Canterbury Erkenwald ta biskop fan Londen foar Middelseks en Esseks, sa dat Erkenwald in man fan oansjen waard. Hy die sines ta de fersoening fan Theodorus en Wilfrid fan York. Syn feestdei wurdt fierd op 30 april. Hy waard bedobbe yn de St Paul’s Katedraal yn Londen.

Syn grêf waard in populêr doel fan pylgersreizen yn de Midsieuwen, mar waard tagelyk mei oare tombes yn de katedraal ferwoast ûnder de Reformaasje.