Erik Zijlstra

Ut Wikipedy
Erik Zijlstra
regisseur en/of produsint
persoanlike bysûnderheden
echte namme Erik Zijlstra
nasjonaliteit Nederlân
berne 25 novimber 1988
berteplak Frjentsjer
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as filmprodusint, regisseur,
filmeditor, internetmarketeer
bekenste
  produksje(s)
Friese Amateurtjes
De Del van '63
jierren aktyf 2010 – no
offisjele webside
IMDb-profyl

Erik Zijlstra (Frjentsjer, 25 novimber 1988) is in Frysk pornografysk filmmakker. Hy kaam yn 2010 yn it nijs doe't er mei Friese Amateurtjes de earste Fryske pornofilm makke hawwe soe. Oare produksjes dêr't er de oandacht mei loek, wiene pornografyske parodyen De Del van '63 en Clitna.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Zijlstra waard yn 1988 berne yn Frjentsjer, dêr't er ek opgroeide. Fan 2004 ôf, doe't er sechstjin jier wie, folge er in oplieding ta kameraman en fideo-editor. Dêrnei sette er oan it Fryslân Kolleezje útein mei de oplieding mediastúdzjes. Dy makke er lykwols nea ôf. Ynstee begûn er fan 2008 ôf lowbudgetfilms te meitsjen, alderearst fan it horrorsjenre yn 'e undergroundscene. Yn 2010 – hy wenne doe noch thús by syn âlden – begûn er him ta te lizzen op pornografy.

Dat begûn mei in healwiis idee dat op 't aljemint kaam doe't er oan it drinken wie mei syn maten, mar Zijlstra besleat him deryn te ferdjipjen om te sjen oft it mooglik wie. Hy socht út hoe't soks wurke en by hokker modellburo's oft er wêze moast om yn Nederlân pornoaktrises te finen. Dêrnei fandele er it budget foar de produksjes byinoar. Hy besleat Fryslân as tema te nimmen, hoewol't er der earst oer twifele oft de ôfsetmerk dêrtroch net te lyts waard. Mar krektoarsom, it bliek krekt in gouden set. Sa ferskynde yn 2010 Friese Amateurtjes, dêr't er in protte media-oandacht mei krige nei't buorkundich wurden wie dat it de earste Fryske pornofilm wie. Behalven de titel wie dêr (en oan Zijlstra syn lettere films) trouwens neat Frysk, want de aktrises kamen oeral út Nederlân wei, mar net út Fryslân. Frysktalige teksten moasten sadwaande troch de spylsters út 'e holle leard wurde.

Datselde jiers noch makke Zijlstra De Del van '63, in pornografyske parody op De Hel van '63 fan Steven de Jong. Ek dêrmei kaam er folop mei yn 'e media.[1] Zijlstra brocht njonken de earste Frysktalige pornofilm ek de earste Nederlânske pornofilm yn anaglyph 3d op dvd út (te witten: Hete Famkes 3D). Yn 2011 helle er fannijs de media mei it útbringen fan Clitna, in pornografyske parody op anty-islaamfilm Fitna fan PVV-lieder Geert Wilders.[2][3]

Yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante yn 2023 wiisde Zijlstra derop dat syn pornofilms filmtechnysk net botte heechsteand wiene om't er altyd byldmateriaal te koart kaam. Wylst normaal by de filmmontaazje 90% fan 'e opnamen fuortknipt wurde, wie hy dêrom twongen om alles yn 'e film te hâlden. It opnimmen fan pornofilms smiet boppedat in protte stress op om't it altyd mar wer ôfwachtsjen wie oft de boekte akteurs wol opdaagjen komme soene en oft de manlike akteurs wol prestearje koene. Yn 2012 die Zijlstra mei oan it RTL5-tillefyzjeprogramma Passie in de Polder, oer oanstoarmjende Nederlânske pornoprodusinten.[4] Nei't dat foarby wie, fûn Zijlstra dat it wol moai west hie en besleat er wat oars te dwaan.

Zijlstra sette in eigen webside op, SocialMediaPornstars.com, dat in online-database is mei koarte biografyen fan pornoaktrises, oanfolle mei ferwizings nei harren websiden op 'e sosjale media en statistiken dy't er û.m. fan 'e webside Pornhub helle. Hy wie likernôch in jier dwaande mei it opsetten fan 'e site. It fertsjinmodel foar Zijlstra wurket troch de reklame op SocialMediaPornstars.com mei keppelings nei betelle webcamsites. Eltse kear as immen fia SocialMediaPornstars.com nei sa'n site giet en dêr in abonnemint nimt, kriget Zijlstra ek wat betelle. Al dy bytsjes tikje aardich oan, dat sûnt syn webside yn 'e loft is, kin er it tuike-oan dwaan.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koarte films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lange films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(allegear pornofilms)

  • 2010 – Friese Amateurtjes
  • 2010 – De Del van '63
  • 2010 – Hete Famkes 3D
  • 2011 – Een Geile Weerwolf in Friesland
  • 2012 – Jong en Blond
  • 2012 – Jong en Blond 2
  • 2012 – Fucked in Holland
  • 20?? – Porno uit de Polder

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

primêre boarne:

  • Veltman, Melle, Dvd's vol Friese porno, yn: de Ljouwerter Krante, 23 augustus 2023, s. 27.

sekundêre boarnen:

  1. Artikel oer De Del van '63' yn De Pers
  2. Artikel oer Clitna yn it Algemeen Dagblad
  3. Artikel oer Clitna by Spitsnieuws
  4. Artikel op 'e webside fan RTL Nederlân oer Passie in de Polder
  5. review
  6. Artikel by denachtvlinders.nl
  7. Filmfestival Notfall.nl