Enno III fan East-Fryslân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Enno III

Enno III fan East-Fryslân (Aurich, 30 septimber 1563Leerort, 19 augustus 1625) wie de âldste soan fan greve Edzard II fan East-Fryslân en Katarina Wasa, âldste dochter fan Gustaaf I fan Sweden. Hy folge yn 1599 syn heit op as greve fan East-Fryslân.

Yn 1602 belegeren de troepen fan Enno III omdôch it opstannige Emden. Hy tsjinne yn 1603 it ferdrach fan De Haach te sluten, wêryn hy net allinnich de oanwêzichheid fan in Hollânsk garnizoen yn Emden akseptearje moast, mar ek de kosten fan it garnizoen betelje maost. Yn 1609 bruts de striid fannijs los. De Emders wûnen by de skermutselingen yn Grytsjesyl en besetten tydlik de greeflike residinsje yn Aurich. Yn 1611 legeren de Hollanners troepen yn Leerort. Op 24 maaie waard it akkoart fan Osterhusen tekene, w6ertroch de soevereiniteit fan de greve fan East-Fryslân beheind waard en de oanw6ezichheid fan in Hollânsk garnizoen yn Emden beëinige waard.

Houliken en bern[bewurkje seksje | edit source]

Enno III wie twarres troud. In earste kear troude hy mei Walburga fan Rietberg (1556-1586), dochter en erfgenamte fan greve Johan II fan Rietberg, hear fan Esens, Stedesdorf en Wittmund. Hja brocht Harlingerland en Rietberg mei. SE hienen trije bern:

  1. Sabina Catharina (15821618), yn 1601 troud mei Johan III fan East-Fryslân,
  2. Agnes (15841616), yn 1603 troud mei Gundakar fan Liechtenstein,
  3. Johan Edzard, ( 1586 - 1586).

Walburga fan Rietberg stoar inkele dagen nei har soan, nei alle gedachten troch fergiftiging. Doe't de manlike staach fan de greven fan Rietberg útstoar, folgen de greven fan East-Fryslân op troch it houlik fan Enno III mei Walburga.

Yn 1598 troude Enno III mei Anna fan Holstein-Gottorp, dochter fan hartoch Adolf fan Sleeswyk-Holstein-Gottorp. Hja hienen fiif bern:

  1. Edzard Gustaaf ( 1599 – 18–1612)
  2. Kristina Sofia ( 16091658), yn 1632 troud mei Filips fan Hessen-Butzbach,
  3. Anna Maria ( 16011634), yn 1622 troud mei Adolf Frederik I fan Mecklenburg-Schwerin,
  4. Rudolf Christiaan fan East-Fryslân ( 16021628)
  5. Ulrich II fan East-Fryslân ( 16051648).