Emo fan Witewierum
Ut Wikipedy
Emo fan Witewierum, ek wol neamd Emo fan Blomhôf of Emo fan Huzinge, (sa. 1170-1237) wie abt fan it kleaster te Witewierum. Hy is ferneamd fan de kronyk dy't troch him skreaun is oer it kleaster.
[bewurkje seksje] Libben
Op jonge leeftyd waard Emo troch syn alden nei de kleasterskoalle stjoerd yn Feldwert. Hy wie in flugge learling want doe't er fiiftsjin jier âld wie joech er sels les. Mei syn broer Addo gie er nei de universiteiten fan Oksford, Parys en Orleon om fierder te learen. Doe't er weromkaam waard er ynearsten master yn Westeremden en doe doarpspastoor yn Huzinge, oant er yn 1209 sels in kleastermeinskip begûn yn Witewierum.
[bewurkje seksje] Literatuer
- Jansen, H.P.H. en Janse, A., Kroniek van het klooster Bloemhof te Wittewierum, (Hilversum-1992).