Emo fan Witewierrum

Ut Wikipedy

Emo fan Witewierrum, ek wol neamd Emo fan Blomhôf of Emo fan Huzinge, (sa. 1170-1237) wie abt fan it kleaster te Witewierrum. Hy is ferneamd fan de kronyk dy't troch him skreaun is oer it kleaster.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op jonge leeftyd waard Emo troch syn âlden nei de kleasterskoalle stjoerd yn Feldwert. Hy wie in flugge learling want doe't er fyftsjin jier âld wie joech er sels les. Mei syn broer Addo gie er nei de universiteiten fan Oksford (1190)[1], Parys en Orleon om fierder te learen. Doe't er weromkaam waard er ynearsten master yn Westeremden en doe doarpspastoar yn Huzinge, oant er yn 1209 sels in kleastermienskip begûn yn Witewierrum.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jansen, H.P.H. en Janse, A., Kroniek van het klooster Bloemhof te Wittewierum, (Hilfertsom-1992).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Emo wie de earste bûtenlânske studint oan de Universiteit fan Oxford dêr't wy dat fan witte. Wikipedia en: Emo of Friesland