Elsa Lanchester

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Elsa Lancaster

Elsa Sullivan Lanchester (28 oktober 1902 - 26 desimber 1986) wie in Ingelske karakteraktrise mei in lange karriêre yn it teater, de film en op televyzje.

Sy moete de akteur Charles Laughton yn 1927, en troude twa jier letter mei him. Har rol as de breid yn 'De breid fan Frankenstein' (1936) brocht har wurdearring as aktrise en dy rol bleau de rest fan har libben tige mei har assosjearre.

Nei Laughton's dea yn 1962 begûn Lancaster har filmkarriêre op 'e nij en ferskynde mei súkses yn Walt Disney-films sa as Mary Poppins (1964), That Darn Cat! (1965) en Blackbeard's Ghost (1968). De horrorfilm,Willard, (1971) wie in tige grut súkses en in wichtige lêste rol hie hja yn Murder By Death (1976).

Elsa Lanchester seit in har biografy Elsa Lanchester Herself dat har man homoseksueel wie en dat hja dêrom gjin bern hiene. De mei Charles befreone akrise Maureen O'Hara seit lykwols dat Lancaster yn har jeugd twa abortussen hân hie en dat ien dêrfan in bern fan Charles wie. Charles hat wolris sein dat syn grutste fertriet wie dat er nea heit wurden is.

Lanchester hat in kear oer O'Hara sein, "Sy sjocht derút as ien dêr't bûter net iens yn de mûle rane wol, noch op in oar plak."

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • Lanchester, Elsa - Charles Laughton and I (1938)
  • Higham, Charles - Charles Laughton: An Intimate Biography (1976)
  • Lanchester, Elsa - Elsa Lanchester Herself (1983)
  • Callow, Simon - Charles Laughton: A Difficult Actor (1987)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]