Eksersysjegenoatskip

Ut Wikipedy
Leden fan it earste eksersysjegenoatskip De Vrijheid, oprjochte ynn Dordrecht yn 1783

In eksersysjegenoatskip (of frijkorps of genoatskip foar de wapenhannel) wie in bewapene partikuliere organisaasje, oprjochte tusken 1783 en 1786, mei it doel de boargerij te oefenjen yn it hantearjen fan in gewear. Eksersysjegenoatskippen waarden propagearre troch Joan van der Capellen tot den Pol, dy't in boek út 1732 fan Andrew Fletcher oersette, mei ideeën út Skotlân oer boargerbewapening. De oanlieding seach Joan van der Capellen yn it slimme ferfal fan de besteande, prinsgesinde skutterijen. De patriotten besochten yn de Fjirde Ingelske Kriich in oplossing te finen foar de kosten fan in hierleger en it oanlûken fan útlânske offisieren yn it Steatske leger, dêr wie in soad krityk op.

Eksersysjegenoatskippen waarden oprjochte nei Skotsk, Amerikaansk en Switsersk foarbyld. Yn dy lannen wienen boargers bewapene mei in gewear om de wiere frijheid te ferdigenjen. Sa'n genoatskip hie yn tsjinstelling ta de skutterij in demokratysk keazen bestjoer. Yn it reglemint fan de eksersysjegenoatskippen waard net reppe fan it ûnderlizzend doel de befolking republikeinske begjinsels by te bringen en troch petysjes ynspraak op te easkjen yn it stedsbestjoer. De tsjinhingers fan de eksersysjegenoatskippen wienen de oranje-frijkorpsen (of frijkorpsen), dy't ûnder de lieding fan Willem Gustaaf Frederik Bentinck fan Roon en James Harris yn 1786 en 1787 ûntstienen, mar dêr't it nea wat mei wurden is, mei troch deltwang fanwege de steat.

Organisaasje en struktuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste eksersysjegenoatskippen waarden begjin 1783 oprjochte yn Dimter, Dordrecht en Utert. Quint Ondaatje wie de oanfierder fan it genoatskip yn Utert. It slagge him de eksersysjegenoatskippen earst provinsjaal en letter lanlik te organisearjen. De oefeningen fan it eksersysjegenoatskip en it dragen fan in swarte kokarde op de hoed wie in protte wjerstân tsjin. Yn 1784 tekene in oantal nasjonaal organisearre frijkorpsen de Acte van Verbintenis; sy ûnthjitten elkoar te helpen at de patriotske saak oan 'e oarder kaam. Dy Akte stimulearre fral de eksersysjegenoatskippen en frijkorpsen yn de lytse stêden wis fan har dwaan te wêzen.

Elts koe lid wurde, katoliken en dopersken waarden net langer útsletten. Net allinne in protte winkellju, mar ek dominees, sa as François Adriaan van der Kemp joegen har op. Der waard op syn minst ien kear yn de wike oefene, meast op snein nei tsjerketiid en by min waar yn de tsjerke. Net ferskine stie in boete fan in tal stuorren op.

Eksersysjegenoatskippen hiene de foarkar boppe frijkorpsen, dy't hielendal los stienen fan de besteande skutterij. Frijkorpsen ûntstienen fral op it plattelân, omdat dêr gjin skutterij wie. Neidat it Rotterdamsk eksersysjegenoatskip yn 1784 ferbean waarden genootschappen in de wapenhandel propagearre, sa as yn Boalsert, dat tige foaroprûn yn dy tiid.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar in foarbyld fan it optreden fan eksersysjegenoatskippen, sjoch De Patriottetiid yn Boalsert.

{{Boarnenboarnefernijing=

  • Klein, S.R.E. (1995) Patriots Republikanisme. Politieke cultuur in Nederland (1766-1787)
  • Verweij, G. (1996) Geschiedenis van Nederland. Levensverhaal van zijn bevolking

Keppelings om utens

}}