Frede (toanielstik)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eirēnē)
Frede
algemiene gegevens
oarspr. titel Εἰρήνη
auteur Aristofanes
taal Aldgryksk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun 421 f.Kr.
1e opfiering 421 f.Kr., Atene
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Frede
publikaasje (net útjûn)
oersetter Klaas Bruinsma

Frede, yn it oarspronklike Aldgryksk: Εἰρήνη, Eirēnē, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Aristofanes446386 f.Kr.). It is in komeedzje dy't ferhellet hoe't de Atener Trygaios op wûnderlike wize de him fuortslepende Peloponnezyske Oarloch ta in ein bringt. Frede datearret út 421 f.Kr., doe't it opfierd waard as ûnderdiel fan 'e jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus, wêrby't it de twadde priis wûn, in pear dagen foar't de Peloponnezyske Oarloch yn it echt beëinige waard mei in fredesferdrach tusken Atene en Sparta. It stik is opmerklik fanwegen de pasifistyske toan en de freugdefolle ferwachting fan 'e frede. De foarfallen yn it stik binne, lykas gauris by Aristofanes, fan in ûnberonge absurditeit, en de skriuwer hellet op 'e nij út nei syn fijân, de populist Kleön, ek al wie dy in pear moanne earder al sneuvele op it slachfjild. Frede waard yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frede iepenet as twa slaven hurd oan it wurk binne foar de doar fan in gewoan wenhûs yn it âlde Atene. Se knetsje ûngewoan grutte hompen fan wat earst daai liket, mar letter stront blykt te wêzen, dy't se dêrnei de stâl binnendrage. Ut harren praat wurdt it publyk gewaar dat de ekskreminten foer binne foar in reuseftige dongkrob dy't de master fan 'e beide slaven koartby mei nei hûs nommen hat fan in reis nei de krite om 'e Etna hinne, op Sisylje. Hy wol it bist brûke om nei de wente fan 'e goaden ta te fleanen foar in privee-audiïnsje. Dy ûnferwachtse iepenbiering wurdt fuort dêrnei befêstige as de master fan 'e slaven, in Ateenske widner yn syn middeljierren dy't fan Trygéus hjit, ynienen op 'e rêch fan 'e dongkrob al fleanend (en wifkjend) boppe syn hûs ferskynd. Syn slaven, buorlju en bern wurde rare kjel en besykje him te bepraten om wer nei ûnderen te kommen, mar hy ropt ynstee syn bern gerêststellings ta, kriget syn fjurrige toarre wer yn 'e macht, en freget de taskôgers om syn ryddier net ôf te lieden troch yn 'e kommende trije dagen ôf te skiten of nei it húske te gean. Hy seit ek noch dat er fêst fan doel is om 'e goaden oan it ferstân te bringen dat de oarloch beëinige wurde moat, en as hja net harkje wolle, sil er harren oankleie foar ferrie fan Grikelân. Dêrop lit er syn dongkrob de frije leie en stiget er op nei de himel.

As er by de goadewente arrivearret, treft Trygéus dêr lykwols inkeld Hermes, de boadskipper fan 'e goaden. Dy fertelt him dat de oaren har biezzen pakt hawwe en fuortset binne nei in taflechtsoard earne omfierrens, mei't se skjin har nocht hiene fan 'e oarloch en fan alle tsjinstridige gebedens fan 'e minsken. Hermes is hjir allinnich noch mar om wat lêste dingen te berêden, en dan spilet er sels ek fan ruten. Underwilens is de nije eigner fan 'e goadewente al yn it hûs lutsen: Oarloch. Hermes fertelt ek dat Oarloch hjirsanne earne Frede opsletten hat yn in grot. Krekt op dat stuit komt Oarloch bûtendoar te grommeljen en grânzgjen, wêrby't er in ûnbidige fizel meitôget dêr't er de Griken yn ta pulp stampe wol. Troch te lústerfinkjen komt Trygéus der lykwols efter dat Oarloch gjin stamper mear hat, mei't de stampers dy't er fan doel wie te brûken, Kleön (de lieder fan 'e oarlochpartij yn Atene) en Brasidas (de lieder fan 'e oarlochpartij yn Sparta) allebeide koartby sneuvele binne. Oarloch set wer nei binnen ta om in nije stamper te sykjen.

Frede en Woltier, in Romeinske kopy fan in byld fan Kefisodotus de Aldere út omtrint 370 f.Kr., dat ienris op 'e Ateenske Areopagus, de "Heuvel fan Ares", stie.

Trygéus makket fan 'e kâns gebrûk om Griken út alle stêdsteaten te ûntbieden om him te helpen en befrij Frede no't se der de tiid noch ta hawwe. Dêrop ferskynt der in koar fan Griken dat de stienen en rotsblokken foar de yngong fan 'e grot wei begjint te sjouwen en te slepen dêr't Oarloch Frede yn opsletten hat. Guon fan 'e Griken rinne de oaren eins mear foar de fuotten as dat se meihelpe, en allinnich de boeren sjitte echt wat op mei it wurk. Mar op 't langelêst is de yngong frijmakke en komme de tsjeppe Frede en har beide like tsjeppe selskipsdames Feest en Rispinge foar 't ljocht. Hermes fertelt dan hoe't Frede lange jierren lyn út Grikelân ferdreaun is troch politisy dy't profyt hiene fan 'e oarloch. Letter hat se noch ferskate kearen besocht en kom werom, seit er, mar eltse kear hawwe de Ateners tsjin har stimd. Trygéus ûntskuldiget him no út namme fan syn stedsgenoaten foar Frede oer, bringt har dan by de tiid oangeande wat der ûnder har ôfwêzigens yn it teäter bard is (wêrby't Aristofanes de kâns net lizze lit om út te heljen nei syn kollega-toanielskriuwers) en lit har dan efter om fan har nije frijheid te genietsjen. Hy set ôf nei Atene op syn dongkrob en nimt dêrby Rispinge en Feest mei: Rispinge om't er fan doel is en trou mei har, en Feest om 'e leden fan 'e regearingsrie mei te fermeitsjen.

Dêrop stapt it koar nei foarren foar de tradisjonele parabasis, wêrby't it publyk út namme fan 'e toanielskriuwer tasprutsen wurdt. It koar priizget Aristofanes om syn orizjinaliteit, dy't ta utering komt yn syn stikken, om syn wjerstân tsjin meunsters lykas Kleön, en om syn ynnimmende persoanlikheid. Ek hellet it op 'e nij út nei Aristofanes syn kollega-toanielskriuwers.

Trygéus komt wer op en fertelt de leden fan it publyk dat se út 'e himel wei wol in soadsje ûngeregeld lieken en dat se der fan tichteby noch helte minder útsjogge. Hy stjoert Rispinge nei binnen ta om har op 'e brulloft ta te rieden, leveret Feest ôf by de archon, en offeret dan in laam ta eare fan Frede. It fleis roasteret er boppe in fjurke. Der komt in orakelsutelder op 'e rook ôf, dy't omhingjen bliuwt yn 'e hope op in fergees miel, oant Trygéus him der mei in flink wan bruien fan oertsjûget dat it sûner foar him is om troch te rinnen. Trygéus giet dan sels ek yn 'e hûs om him ree te meitsjen foar de brulloft. Wylst er yn 'e kûlissen is, besjongt it koar de geneuchten fan 'e frede en sjocht it mei bitterens werom op 'e tiid fan oarloch en yn it bysûnder op 'e ofsieren dy't har thús foardiene as liuwen, mar op it slachfjild inkeld foksen blieken te wêzen.

As Trygéus wer opkomt, hat er de ferklaaiersklean oan. De brulloftsgasten begjinne dan te arrivearjen, hantwurkslju en keaplju foar it meastepart. Guon fan harren, lykas in sichtemakker en in krûkebakker, giet it foar de wyn no't it frede is, wylst oaren in drege tiid temjitte geane. Dy lêsten krije fan Trygéus suggestjes hoe't se harren saken ferbetterje kinne. Plommen foar op helms kinne brûkt wurde om mei ôf te stofjen, spearen as wynstokken, boarstkurassen as nachtromers, trompetten as fruitskalen en helms om spuidrankjes of laksearmiddels foar Egyptners yn te mingen. De soannen fan 'e gasten begjinne bûtendoar harren lieten te oefenjen, mar as ien fan 'e jonges úteinset mei Homêros syn kriichssang, stjoert Trygéus him nei binnen ta, want hy is sêd en boppesêd fan 'e oarloch. It stik einiget as Trygéus it begjin fan 'e brulloft oankundiget.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eirēnē waard ûnder de titel Frede yn it Frysk oerset troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't letter ek ferantwurdlik wie foar de Fryske fertalings fan Homêros syn Ilias en Odyssee en fan alle sân oerlevere trageedzjes fan Sofoklês. De oersetting fan Eirēnē datearret nei gedachten út it begjin fan 'e njoggentiger jierren (of mooglik út 'e ein fan 'e jierren tachtich), mei't er al neamd wurdt yn in artikel yn 'e Ljouwerter Krante dat yn septimber 1991 ferskynde ta gelegenheid fan Bruinsma syn publikaasje fan Sofoklês: Trije Trageedzjes.[1] Yn it digitaal argyf fan Tresoar is lykwols neat fan Frede werom te finen, dat foar 't neist leit it stik spitigernôch noch earne by Bruinsma thús yn in laad te stofgarjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Kroes, Jan, Trije Trageedzjes fan Sofoklês Ferfryske.

Boarnen

  • Kroes, Jan, Trije Trageedzjes fan Sofoklês Ferfryske, yn: de Ljouwerter Krante, 13 sept. 1991.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.