Eide

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hâneide
Foarkant skiifeide
Ferkrommelrôle efter skiifeide
Kultivator of toskeide mei fearre tosken (triltoskkultivator)
Ferkrommelrôlen efter kultivator of toskeide mei fearre tosken (triltoskkultivator)

In eide is in stik lânbou- of túnbou-ark dêr't de grûn siedklear mei makke wurdt.

Hâneide[bewurkje seksje | edit source]

In hâneide wurdt noch op lytse skaal brûkt yn de túnbou. It is in ramtwurk fan hout, wêryn op fêste ôfstannen izeren pinnen fan 7 sm lingte sitte. De eide wurdt lutsen mei in tou. Foar it siedzjen wurdt de grûn eide, sadat lytse geultsjes yn de grûn ûntsteane. Nei it siedzjen wurdt nochris eide, wêrby't it sied mei de grûn bedekt wurdt. Hjirnei wurdt de grûn faak noch mei in rôle oandrukt. Dit ark waard ek wol in "minskeboaltsje" neamd.

Masinaal eidzjen[bewurkje seksje | edit source]

By it masinaal eidzjen wurdt de eide lutsen troch in trekker. Der binne ferskate typen eiden, lykas

  • de gewoane eide mei koarte tosken;
  • de skiifeide, wêrby't gjin tosken mar skiven oan de eide sitte. Efter de skiven sit faak noch in ferkrommelrôle. In skiifeide wurdt brûkt om de grûn los te meitsjen.
  • de rotorkopeide, wêrby't der tosken op in draaiende rôle sitte;
  • de kultivator ek wol toskeide neamd foar in djippere grûnbewurking, wêrby't de tosken al as net fearre binne.