Egbert I fan Breunswyk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Egbert I)

Egbert I (ek wol Eibert I neamd; † 11 jannewaris 1068) wie greve fan Mid-Fryslân tusken (1057 - 1068). Hy wie in telch út de Brunoanen-dynasty.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Egbert wie in soan fan greve Liudolf fan Brunswyk en Gertrudis fan Billung. Fan syn heit erfde hy yn 1038 it markgreefskip Brunswyk. Foar syn Eastfaalske besittings wie hy lienman fan de biskop fan Hildesheim.

Yn 1057 waard Egbert yn ynkear in wichtige hoveling: in groep Saksyske opstannelingen ûnder lieding fan Otto, de bûten de houlikssteat berne soan fan Bernard II fan Brandenburg, besocht fanút in mûklaach de seisjierrige Hindrik IV en syn mem Agnes fan Poitou (1024-1077) te fermoardzjen. Egbert en syn broer Bruno kamen Hindrik en syn mem te help en koenen de oanfal ôfslaan. Lykwols sneuvele Bruno by de gefjochten en rekke Egbert swier ferwûne. Egbert genêsde en krige as beleanning de Fryske greefskippen fan syn broer.

Sommige dêrfan (it lân tusken Lauwers en Iems) hie de Dútske keizer oan de aartsbiskop fan Bremen Adalbert yn lien jûn en troch syn broer de biskop ôfhandich makke. Egbert behâlde it bewâld deroer en wie yn dy rol in lienman fan de biskop fan Bremen.

Yn 1058 naam Egbert diel oan de ekspedysje tsjin de greve fan Hollân Floaris I.

Yn 1067 waard hy ek noch greve fan Meißen.

Egbert wie trout mei Irmgard fan Turyn (-1078), de dochter fan markgreve Manfred II Odelrich, en widdo fan markgreve Otto fan Schweinfurt. Hy wie heit fan trije bern, Egbert II, Gertrudis en Amelung.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]