Ien-West

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Een-West)
Plaknammeboerd fan Ien-West

Ien-West (Nederlânsk en offisjeel: Een-West) is in buorskip fan Ien, gemeente Noordenveld yn de provinsje Drinte.

It leit tichtby it trije-provinsjes-punt fan de provinsjes Grinslân Fryslân en Drinte. De grins fan Drinte hat dêr wat in nuveraardige hoeke. Hy rint nammentlik ûngefear 2 kilometer (hast) nei it westen, dan ûngefear 1½ km nei it suden en dan wer 4 km nei it easten.

De grins is yn 1717 as kompromis ûntstien nei in grinskonflikt tusken de bewenners fan Ien en De Like. It doarp Ien liet syn fee nammentlik fier yn it feangebiet bewesten it doarp weidzje, oant yn Grinslân. Se mienden dêrom, doe't it ekonomysk ynteressant waard om de ferfeantings, it rjocht te hawwen op it gebiet (it hjoeddeiske Breemen) – hoewol't it altiten as Grinslânsk bekend stie. As kompensaasje waard in stik(je) oan Ien tawiisd, it hjoeddeiske Ien-West.

Oan de wei fan Ien nei Ien-West leit de Swartendyksterskâns.

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De útstjalping dy't de provinsjegrins by Ien-West makket, wurdt wol it "noaske fan Drinte" neamd. De foarm fan Drinte hat wol wat wei fan in op de hoksen sittende âlde frou, in belsliderider of in âlde motorrider.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noardenfjild
Doarpen:
RoanAltenaFeanhuzenIenLangeloLeutingewoldeLieverenNietapNij-RoanNoarchPeestPeizePeizermadeRoaneriesRoanerwâldeSteenbergenWesterveldeZuidvelde
Buorskippen:
Allardseach (foar in part)AlteveerAmerikaBoerlaanIen-WestDe StreekFoxwoldeHuis ter HeideKlunderveenMatslootNorgerfeart (foar in part)Oostindië (foar in part)PeizerwoldDe PolSandebuurTerheijl
wizigje