Een

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Swartendyksterskâns

Een is in doarp yn de gemeente Noordenveld yn de provinsje Drinte. Yn 2007 fierde it doarp har 675-jierige bestean. It doarp bestiet út trije kearnen dy't yn de 20e ieu oan elkoar groeid binne en mei elkoar wat mear as 800 ynwenners telle (829 per 1 jannewaris 2004). De namme Een is in Drintsk dialektyske ferbastering fan Eden, wat grif turf betsjutte. In oare ferklearing fan de namme is dat it in ôflieding fan de persoansnamme Edo is.

Trije kearnen[bewurkje seksje | edit source]

De grutste fan dizze kearnen, Zuideinde neamd, leit oan de dyk fan Haulerwyk nei Norg. Noardlik hjirfan, oan de wei nei Steenbergen, leinen noch twa kearnen. Ungefear in kilometer nei it noarden leit de Middenbuert of Middelboer. Fan hjirút rint in dyk nei Een-West. Wer in kilometer noardliker leit de kearn Noordeinde of Noorderboer. Ten easten fan Een leit it Eenerdiep, dat ek wol it Groote diep neamd wurdt. Dit is de boppeloop fan it Peizerdjip. Oer it djip leit de Eenerbrêge.

Skânsen[bewurkje seksje | edit source]

De Swartendyksterskâns is in út de 16e ieu datearjend ferdigeningsbolwurk tsjin de Biskop fan Munster. Dizze wei hjit de Skânswei, mar stie eartiids bekend as de Swartendyk en wie de wichticste ferbining fan Fryslân mei Drinte. As beskerming fan dizze wei is hjir yn de sechtjinde ieu in skâns boud. In oare skâns mei de namme Portugal lei ten easten fan Een.

Wrâldferneamd[bewurkje seksje | edit source]

Oan it begjin fan de jieren fyftich wie Een in oantal jieren wrâldferneamd omdat hjir destiids in kapper siet dy't in remeedzje foar kealheid útfûn hawwe soe. Keale of kealjende besikers kamen sels út Noord-Amerika en het Verre Oosten. Het haargroeimiddel van de van oorsprong Haachske kapper, Marienus van Rooyen, bleek uiteindelijk net it gewenste resultaat op te leverjen. De kapper vertrok, nei't sein waard skatryk, nei ûnbekende oarden.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]


Gemeente Noardenfjild
Haadplak | Roan |
Oare kearnen | Altena | Altevear | Een | Een-West | Feanhuzen | Langelo | Leutingewâlde | Lieveren | Matsleat | Nijtap | Nij-Roan | Noarch | Peest | Peize | Peizermade | Peizerwâlde | Roaneres | Roanerwâlde | Sandebuer | Stienbergen | Terheijl | Westerfjilde | Súdfjilde |
wizigje