Eemsmond

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gemeente Eemsmond
Flagge fan de gemeente Eemsmond    Wapen fan de gemeente Eemsmond
(Flagge fan Eemsmond) (Wapen fan Eemsmond)
Lokaasje fan de gemeente Eemsmond
Provinsje Grinslân
Boargemaster Marijke van Beek (PvdA)
Haadplak Uithuizen
Gebiet
- wetter
551,24 km²
-  361,00 km²
Ynwenners 16.432
Ferkearsieren Spoar Grins-Roodeschool
Netnûmer 0595, 0596
Postkoades 9979-9986, 9988-9989, 9995-9999
Offisjele webstee www.eemsmond.nl

Eemsmond of Iemsmond is in gemeente yn de provinsje Grinslân. De gemeente beslacht in oerflak fan 551,24 km² en is dêrmei ien fan de gruttere gemeenten yn Nederlân. De doarpen fariearje yn grutte fan 75 oant sa'n 5600 ynwenners. Yn de grutste kearnen binne ieuwenâlde tsjerken, pleatsen, boargen, moles en huzen te finen.

De gemeente is sa neamd omdat sy oan de noardkust fan Grinslân leit, by it plak dêr't de rivier de Iems yn de Waadsee mûnet. De hiele kontrei (oan Nederlânske en Dútse kant) is bekend as it Iemsmûngebiet en leit sa'n 22 km noardeast fan de stêd Grins.

De gemeente is foarme yn 1990 troch gearfoeging fan de eardere gemeentes Hefshuzen, Kantens, Uskwert en Warffum. De fuzjegemeente krige doe de namme Hefshuzen, mar yn 1992 waard dat feroare yn Iemsmûn.

Yndieling[bewurkje seksje | edit source]

De gemeente Iemsmûn bestiet út de neikommende doarpen, buorskippen en (ûnbewenne) eilannen: Iemshaven, Alddoarp, Aldskip, Aldesyl, Breede, Deastille, It Eastein, Easter Nijlân, Eppenhuzen, De Grinzer Falom, Hefswâl, Kantens, Katershoarne, Keningsoard, 't Lege fan de Wei, Noardpoldersyl, Paapske Tille, Roodeschool, Rottum, Rottumereach, Rottumerplaat, Sânhuzen, Sânwier, Simenssân, Startenhuzen, Stitswert, Uskwert, Uthuzen, Uthuzermieden, Waadwert en Warffum.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Der rint in spoar fan Grins oant Roodeschool mei stasjons yn Grins, Grins Noard, Sauwerd, Winsum, Baflo, Warffum, Uskwert, Uithuzen, Uithuzermeeden en Roodeschool (it meast noardlike fan Nederlân). De treintsjinst wurdt eksploitearre troch Arriva. Foar frachttreinen splist it spoar justjes foar Roodeschool ôf nei de Iemshaven.

Bustsjnsten fan Qbuzz yn de gemeente binne:

Ut de Iemshaven wei giet in fearboot fan AG Ems nei Borkum.

Polityk[bewurkje seksje | edit source]

Gemeenteried[bewurkje seksje | edit source]

De gemeenteried fan Eemsmond hat 17 sitten. Gearstalling sûnt 1998:

Gemeenteriedssitten
Partij 1998 2002 2006 2010
PvdA 4 5 6 5
Gemeentebelangen 5 4 3 4
CDA 4 4 3 3
KristenUny 2 2 2 2
GrienLinks 1 1 2 2
VVD 1 1 1 1
Totaal 17 17 17 17

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Commons Commons: Eemsmond – foto, fideo en harktriemmen
 
Grinslân
Flagge fan de provinsje Grinslân
Appingedam - Bedum - Bellingwedde - Ten Boer - Delfsyl - Feandaam - Grins (haadstêd) - Gruttegast - Haren - Hegesân-Sappemear - Iemsmûn - De Like - Loppersum - De Marne - Mearum - Menterwâlde - Oldambt - Pekela - Sljûchter - Stêdskanaal - Súdhorn - Vlagtwedde - Winsum