Eelke Jelles Eelkema

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Eelke Jelles Eelkema (ek: Eelkama) (Ljouwert, 8 july 1788 - Ljouwert, 27 novimber 1839) wie in dôve Ljouwerter skilder en tekener dy't benammen bekend is fanwege syn stillibbens. It Ryksmuseum yn Amsterdam hat sân wurken yn de kolleksje.

Hoewol't Eelkema bekend stie as blommeskilder, hat hy ek in soad lânskippen skildere. Hy joech teken- en skilderles, ûnder oaren oan Cornelis Bernardus Buijs dy't op syn beurt wer les joech oan Jozef Israëls, lid fan de saneamde Haachske Skoalle.

Eelke Jelles Eelkema wurke ûnder oaren yn Amsterdam, Haarlim en Parys, dêr't er op kosten fan de kening hinne reizge. Op lettere leeftyd waard Eelkema blyn.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • 15 oktober 1830 - Grondig onderricht in de teeken- en schilderkunst.

Ferwizing[bewurkje seksje | edit source]