Edzard Tjarda van Starkenborgh Stachouwer

Ut Wikipedy
Edzard Tjarda van Starkenborgh Stachouwer, 1913

Jhr. Edzard Tjarda van Starkenborgh Stachouwer (Maarssefean, 21 febrewaris 1859De Haach, 18 jannewaris 1936) wie in Grinzer jonkhear en notarissoan, dy't dat amt ek sels ferfolde en yn 1900 boargemaster fan Grins waard.

Tjarda van Starkenborgh Stachouwer waard yn 1910 yn de Earste Keamer keazen. Dat lidmaatskip kaam nei sân jier in ein oan doe't er Kommissaris fan de Keninginne yn de provinsje Grinslân waard. Yn 1925 waard er yn dy funksje opfolge troch syn soan Alidius. Edzard wie in neef fan de liberale foaropman Kappeyne van de Coppello.

Novimber 1938 is it nei him ferneamde Van Starkenborghkanaal offisjeel iepene troch keninginne Wilhelmina.

Yn Liens is in strjitte nei Van Starkenborgh neamd: de Tjarda van Starkenborgh Stachouwerstrjitte

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • www.parlement.com