Edwin Benne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Edwin Benne
Namme Edwin Benne
Bertedatum 21 april 1965
Berteplak Amersfoort
Grutte 2,08 m
Sportive ynfo
Sport Follybal
Olympyske Spullen 1988, 1992
Wichtige prestaasjes
Med 2.png Olympyske Spullen 1992

Edwin Johannes (Edwin) Benne (Amersfoort, 21 april 1965) is in eardere Nederlânsk follybalspiler, sûnt 2003 is er ek follybaltrener. Sûnt 22 maart 2011 is Benne, as opfolger fan Peter Blangé, bûnstrener fan de Nederlânske manljusploech. Edwin Benne wie ien fan de spilers dy't meidie oan it Bankrasmodel, dat model brocht de spilers ta twa medaljes op de Olympyske Spullen.

Edwin Benne die twaris mei oan de Olympyske Spullen. De earste Simmerspullen dêr't Benne oan mei dien, wie yn 1988 yn Seoel. Yn Súd-Korea waard de Nederlânsk follybalploech fiifde. Yn 1992 waard er by de Simmerspullen yn Barselona mei de Nederlânske ploech twadde efter Brazylje. Hy hat 382 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.

Nei syn karriêre as proffollyballer is Edwin Benne follybaltrener wurden. Hy hat ferskate Nederlânske follybalklups nei de lânstitels laat. Ek boude hy in follybal skoalle op, mei sa'n 250 leden. Fan augustus 2008 oant jannewaris 2010 wie hy trener by follybalklup Schwerin SC yn Dútslân. Yn 2009 helle Edwin Benne mei dy klup de lânstitel yn Dútslân. Sûnt jannewaris 2011 is er oan de slach gien by de frouljusploech fan de Dútske ploech DJK Augsburg, dy't yn de twadde divyzje fan Dútslân útkomt.

Nei't Peter Blangé ein 2010 syn funksje as bûnstrener dellei, waard op 22 maart 2011 bekend makke dat Edwin Benne de opfolger wurde soe fan Blangé. Yn 2010 wie Benne al in lyts skoftke yn tsjinst by de NeVeBo, hy wie doe trener fan Jong Oranje. Hy sil syn funksje as trener by DJK Augsburg oant heal april 2011 kombinearre mei it bûnstrenerskip. Tagelyk waard dúdlik dat âld-ploechgenoat Henk-Jan Held assistint-trener wurdt fan de Nederlânske ploech. It twatal hat as grutste doelstelling it heljen fan de Olympyske Simmerspullen fan 2016 yn Rio de Janeiro.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: