Edmund Spenser

Ut Wikipedy
Edmund Spenser
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Edmund Spenser
nasjonaliteit Ingelsk
berne 1552 of 1553
berteplak Londen (Ingelân)
stoarn 13 jannewaris 1599
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre poëzij
perioade Renêssânse
bekendste
  wurk(en)
The Faerie Queene
Amoretti
jierren aktyf 15691599
offisjele webside
www.english.cam.ac.uk/spenseronline

Edmund Spenser (Londen, 1552/1553 – dêre, 13 jannewaris 1599) wie in Ingelsk dichter en in tiidgenoat fan 'e grutte toanielskriuwer William Shakespeare. Hy is it bekendst om syn The Faerie Queene, in epysk gedicht yn 'e foarm fan in fantastyske allegory basearre op 'e Tudor-dynasty en yn it bysûnder op keninginne Elizabeth I. Spenser wurdt algemien sjoen as de meast ynfloedrike wurdesmeier út it begjinstadium fan 'e moderne Ingelske poëzij, en hy wurdt beskôge as ien fan 'e grutste dichters yn 'e Ingelske taal.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Edmund Spenser waard yn 1552 of 1553 berne yn 'e Londenske buert East Smithfield, yn in begoedige boargerfermidden. Hy genoat syn skoaloplieding 'e Londenske Merchant Taylors' School en studearre neitiid oan it Pembroke College fan 'e Universiteit fan Cambridge. Wylst er yn Cambridge tahold, rekke er befreone mei de lettere skriuwer en wittenskipper Gabriel Harvey, dy't er letter by syn dichtwurk beloek, nettsjinsteande harren ferskillende opfettings oangeande poëzij. Yn 1578 wie Spenser in blaumoandei siktaris fan John Young, de biskop fan Rochester. It jiers dêrop publisearre er syn earste echte dichtbondel, The Shepheardes Calender (yn hjoeddeiske stavering: The Shepherd's Calender, "De Skiephoederskalinder"), en om dyselde tiid hinne troude er mei syn earste frou, Machabyas Childe.

Yn july 1580 reizge Spenser yn 'e tsjinst fan 'e nij oanstelde fise-gûverneur, Arthur Grey, nei Ierlân ta. Doe't Grey weromroppen waard nei Ingelân, bleau Spenser yn Ierlân, dêr't er ûnderwilens oare offisjele amten ferfolle en lânerijen bemachtige hie yn 'e Plantaazje fan Munster. Earne tusken 1587 en 1589 kaam syn wichtichste bûtenpleats Kilcolman, by Doneraile, yn noardlik Cork, yn syn besit. Hy hie yn dy krite kunde oan ferskate oare foaroansteande kolonisten, wêrûnder de admiraal en ûntdekkingsreizger Walter Raleigh. Letter kocht er in twadde bûten oan dat fan Rennie hiet, besuden Kilcolman, by in rots dy't útseach oer de rivier de Blackwater. De ruïnes dêrfan binne hjoed de dei noch sichtber. In lyts eintsje fierderop woeks in beam, dy't pleatslik bekendstie as Spenser's Oak, mar dy't yn 'e 1960-er jierren ferneatige waard troch in wjerljochtynslach. Men woe dêre hawwe dat Spenser in part fan The Faerie Queene ûnder dy beam skreaun hie.

The Faerie Queene (foarside).

Yn 1590 publisearre Spenser de earste trije boeken fan syn masterwurk The Faerie Queene, nei't er spesjaal dêrfoar, wierskynlik mei help fan Raleigh, nei Londen ta reizge wie. Yn 1596 folgen nochris trije boeken, en hoewol't Spenser oarspronklik oanjûn hie dat it dichtwurk úteinlik tolve boeken beslaan soe (en de seis boeken dus eins mar de helte binne fan it ferhaal dat er yn 'e holle hie), is it dochs ien fan langste gedichten dy't ea yn 'e Ingelske taal skreaun wurden binne. It is in wurk dat yn in folslein allegoaryske kontekst in stikmannich ridders folget dy't ferskate deugden beproevje. Spenser skreau it mei sin sa, dat it ek lêzen wurde koe as in lofsang op keninginne Elizabeth I en op it hiele Hûs Tudor. Hy wist der in jierrinte fan £ 50,— fan 'e keninginne mei te winnen. It wie foar 't neist syn bedoeling om mei it wurk ek in fêste post oan it Keninklik Hof te bemachtigjen, mar yn 1591 publisearre er syn bondel Complaints, dêr't ek it satiryske Mother Hubberd's Tale ta hearde, wêrmei't er William Cecil, de foarnaamste riedshear fan 'e keninginne, alhiel tsjin him yn it harnas jage. Dat hy kearde werom nei Ierlân.

Tsjin 1594 wie Spenser syn earste frou kommen te ferstjerren, en dat jiers wertroude er mei Elizabeth Boyle, oan wa't er de sonnettebondel Amoretti opdroech. It houlik sels bejubele er yn syn samling Epithalamion.

Twa jier letter, yn 1596, skreau Spenser syn iennichste proazageskrift, in traktaat yn 'e foarm fan in dialooch oangeande de (yn syn eagen nedige) bestjoersherfoarming yn Ierlân, mei as titel A Vewe of the Present State of Irelande ("In Miening oer de Tsjintwurdige Steat fan Ierlân"). It wurdt sterk fermoede dat de ideeën dy't Spenser dêryn op 't aljemint brocht, net syn eigen wiene, mar ynstee dy fan Arthur Grey, fan wa't bekend is dat er op polityk mêd in grutte ynfloed op Spenser hie. Yn it pamflet, dat fanwegen syn oprokkenjende ynhâld pas fier yn 'e santjinde iuw útjûn waard, pleitet Spenser foar de folsleine útrûging fan 'e Ierske taal en kultuer, sa nedich troch geweld, om't dat neffens him de iennichste manear wêze soe om Ierlân "te pasifisearjen" (wêrmei't er bedoelde "foargoed ûnder Ingelsk bewâld te bringen").

Letter, ûnder de Ierske Njoggenjierrige Oarloch, yn 1598, waard Spenser fan hûs en hiem ferdreaun troch de lânseigen Ierske opstannelingen fan Hugh O'Neill, de greve fan Tyrone. Syn kastiel Kilcolman waard platbaarnd, en neffens it ferhaal kaam ien fan syn jonge bern dêrby yn 'e flammen om. Datselde jiers noch reizge er wer nei Londen ta, dêr't mei 46 jier stoar. Syn deakiste waard troch oare dichters nei syn grêf yn Westminster Abbey droegen, dêr't se ûnder lûd skriemen pinnen en papierkes mei gedichten yn smieten. Syn frou Elizabeth Boyle oerlibbe Spenser en wertroude noch twaris.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 15??: Iambicum Trimetrum
  • 1569: A theatre for Worldlings (bondel poëzij fan ferskate dichters, mei dêrûnder guon fertalings út it Frânsk troch Spenser)
  • 1579: The Shepheardes Calender (publisearre ûnder it pseudonym "Immerito")
  • 1590: The Faerie Queene (boek 1-3)
  • 1591: Complaints, Containing Sundrie Small Poemes of the Worlds Vanitie (ynkl. oersettings fan gedichten fan oaren)
  • 1592: Axiochus (oersetting fan in pseudo-platoanyske dialooch út it Aldgryksk)
  • 1592: Daphnaïda. An Elegy upon the Death of the Noble and Vertuous Douglas Howard, Daughter and Heire of Henry Lord Howard, Viscount Byndon, and Wife of Arthure Gorges Esquier
  • 1595: Amoretti and Epithalamion
  • 1595: Astrophel: A Pastorall Elegie vpon the Death of the Most Noble and Valorous Knight, Sir Philip Sidney
  • 1595: Colin Clouts Come Home Againe
  • 1596: Fowre Hymnes
  • 1596: Prothalamion
  • 1596: The Faerie Queene (boek 4-6)
  • 1609: Two Cantos of Mutabilitie
  • 1633: A Vewe of the Present State of Irelande (in traktaat yn proaza, oangeande de herfoarming fan it bestjoer fan Ierlân)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Editions en Sources op dizze side.