Eckhart Tolle

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Eckhart Tolle

Eckhart Tolle, berne as Ulrich Tolle (1948) is in Dútske learaar en skriuwer op it mêd fan spiritualiteit.

Tolle waard berne yn Dútslân. Fan syn trettjinde jier ôf wenne hy by syn heit yn Spanje en doe't er tweintich wie ferfear hy nei Ingelân. Omdat er nei de middelskoalle gjin ferfolchoplieding dien hie, moast er yn de jûnen in oplieding dwaan om him te kwalifisearjen foar de universiteit. Ferfolgens gie er nei de Universiteit fan Londen en de Universiteit fan Cambridge.

Op syn njongentweintichste makke er neffens eigen sizzen in 'spirituele transformaasje' troch dy't it begjin markearre fan syn bestean as spiritueel riedsman en learaar. Hy wennet tsjintwurdich yn de Kanadeeske stêd Vancouver.

Wurken[bewurkje seksje | edit source]

Tolle is yn dizze tiid foaral bekend om de spirituele boeken dy't er skreaun hat en jildt as in moderne mystikus.

It earste boek dat er skreau, "The Power of Now", wie in bêst-seller. Dat wurk waard oerset yn mear as 30 ferskillende talen. De Amerikaanske talkshowhost Oprah Winfrey beskôget "The Power of Now" as ien fan har favorite boeken.

Tolles meast resinte boek, "A New Earth" ú 2008, wie allyksa in súkses en is ek in protte fan ferkocht.

Yn jannewaris 2008 selektearre Oprah Winfrey "A New Earth" yn har "Oprah's Book Club" seleksje, begeliede troch in 10-wiken "live online seminar" (of "webinar") mei Tolle.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

DVD[bewurkje seksje | edit source]