East-Romaansk

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Eastlik Romaanske talen")
Gean nei: navigaasje, sykje
Kaart fan de Balkan, de kleurde regio's wurde bewenne troch folken dy't i Eastromaanske taal sprekke

East-Romaansk of Balkanromaanske talen foarmje de eastlikste tûke fan de Romaanske talen. Op de Balkan ûntwikkele it har út de pleatslike dialekten fan it Latyn.

Skiednis [bewurkje seksje]

Ut it folks Latyn ûntwikkele him it Proto-Roemeensk, dat al de measte skaaimerken hie fan it moderne Roemeensk. Meastentiids wurdt oannomd dat yn it tiidrek 800-1200 troch ynfaazjes fan folken en de migraasje fan Wlachske harders, it Proto-Roemeensk yn fjouwer ôfsûnderlike talen ferdield waard: Dako-Roemeensk (it tsjintwurdige Roemeensk), Aroemeensk, Megleno-Roemeensk en Istro-Roemeensk.

Boppedat waard yn de 20e ieu, troch de Sowjet-Uny yn de Moldavyske dielsteat de Moldavyske taal offisjeel yntrodusearre, om in ûnderskied oan te bringen tusken de Roemeenske en Moldavyske naasjes.