Eastersee-Buorren
Eastersee-Buorren, lokaal ek De Buorren, is in doarp yn de gemeente Lemsterlân, oan de súdkant fan de Tsjûkemar. It doarp foarmet ien fan de twa kearnen fan it doarp Eastersee. De Buorren hat likernôch 350 ynwenners (2004). Earder wie dit in selsstannich doarp, mar no foarmet it mei Eastersee-Giterskebrêge it doarp Eastersee. Troch de oanleine eilantsjes yn de Tsjûkemar is der mear rekreaasje komd yn it doarp. Sûnt 2006 streamt wer wetter troch de Giterske Feart. De feart waard ein jierren '60 ticht goaid, mar is wer útgroeven. It is ûnderdiel fan in projekt om it doarp oantrekliker te meitsjen foar toeristen.
Yn it ramt fan it projekt wurde ek huzen boud, strjitten opknapt en rekraasjefoarsjennings oanlein. Ek op it plak fan it eardere molkfabryk binne huzen setten.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Dit wie eartiids it haadplak fan Lemsterlân en it wenplak fan de grytman. Yn it doarp stiet in monumint foar de stins Roardastate dy't hjir sûnt 1651 stien hat. De earste stien fan Roardastate is ferwurke yn it monumint.
It tsjerkje hat in klok út 1498. By it eardere kafee "De Brette Hoanne" is in jachthaven. Omdat de skippen tefolle lêst fan de golfslach hawwe krijt de haven in strekdaam.
[bewurkje seksje] Mienskip
It doarp hat in basisskoalle: Eben Haezer.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Ferienings
- Fuotbalferiening EBC ( Eastersee-Bantegea Combinatie )
- Oranjeferiening
- Tsjûkemarders - follybal
[bewurkje seksje] Bekende ynwenner
- Douwe Kootstra - berne op 3 novimber 1951 yn Drachten
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |