Easterlân (Wieringen)
Easterlân is in doarp yn de gemeente Wieringen yn de provinsje Noard-Hollân.
[bewurkje seksje] Skiednis
Oarspronklik wie Easterlân it meast eastlike doarp fan Wieringen. Hoewol't it eilân nea wanneljen gien is groeide it oan de eastkant wol hieltiten oan. It tsjerkedoarp Eastyerlân sil dan oarspronklik in oanlisplak hân hawwe, mar 'de ouwer' kaam hieltiten fierder fuort te lizzen. Yn de 14e en/of 15e ieu ek op De(n) Oever wenjen gien en is it havendoarp mei deselde namme ûntstien.
[bewurkje seksje] De Michaëltsjerke
It hjoeddeiske dowestiennen tsjerkegebou komt út de 12e ieu en is in fraai foarbyld fan de romaanse bouwstyl. By de restauraasje yn de jierren njoggentich waarden yn it koer fan de tsjerke spoaren fan in houten tsjerkje út de 9e of 10e ieu fûn. Yn de rekonstruearre krypte fan de Michaëltsjerke binne noch in sarkofaach (10e ieu) en trije bûnstsânstiennen sarkofagen (12e en 13e ieu), út it tsjerkhôf fan de tsjerke.
De eardere pastorij fan de Michaëltsjerke wie it ferbliuwplak fan de Dútse kroan, Friederich Wilhelm fan Hohenzollern, dy't hjir tusken 1918 en 1923 in ballingskip wenne. De Dútse keizer en syn famylje krigen nei de Earste Wrâldoarloch asyl yn Nederlân. De keizer wenne yn Doorn en soan Friedrich Wilhelm waard ferband nei Wieringen.
[bewurkje seksje] Berne yn Easterlân
- Rembertus Westerhoff (14 maart 1801), politikus
- Jeroen Zijlstra (1958), sjonger, tekstskriuwer, komponist en trompettist.