Eastein (It Hegelân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eastein (Eemsmond))
It tsjerkedoarp Bûtendyks-Eastein op in kaart fan de gemeente Uithuizermeeden út 1867. Ek de "Groote Tja Riet", de Radsweg, Wortelpot en it tsjerkje binne oanjûn

Eastein (Nederlânsk en offisjeel: Oosteinde; Grinslânsk: t Oost-èn), earder faak oantsjutten as Buitendijks-Oosteinde of Roodeschool-Oosteinde en ek wol as Nijkerkje, is in doarp yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. Oant 1979 lei it yn de gemeente Uithuizermeeden en dêrnei oant 2019 yn de gemeente Iemsmûn.

It krige syn namme troch de lizzing oan it eastein fan de Hooilandseweg. De healannen fan Uithuizermeeden einigen by de Groote Tjariet, krekt eastlik fan it doarp. Eastein wie oarspronklik it eastlike diel fan Roodeschool, mar wurdt no as in apart doarp beskôge.

It Nijkerkje yn Eastein (1969)

Yn 1846 waard oan de Radsweg yn Eastein in nij tsjerkegebou ynwijd, it Nijkerkje. Dy beneaming waard dêrnei ek wol brûkt foar it doarp sels. It oargel fan de bouwers Petrus van Oeckelen & Soannen datearret út 1874. De tsjerke betsjinne ek de Nederlânsk herfoarme leauwigen út it buordoarp Oudeschip, dat noait in tsjerke hân hat. Troch in fúzje mei de protestantske tsjerke yn Roodeschool is de tsjerke sûnt ein 2010 net mear foar tsjerketsjinsten yn gebrûk.

It hûs Wortelpot oan de wei mei deselde namme eastlik fan it doarp, oplutsen yn de styl fan it Katalaansk modernisme, stiet op it plak by de Groote Tjariet dêr't yn de Frânske tiid in tolhûs stie. Tsjin betelling koe dêr oranjerats krigen wurde.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Teun Juk, De kerk van Oosteinde (Roodeschool). Een gebouw met een eigen gezicht. Monumenten in Noord-Groningen, diel 7, 80 siden. Stichting Uitgaven Noord-Groningen, Warffum, 2012. ISBN 978-90-73319-39-4