Earedivyzje (fuotbal)
| Earedivyzje | |
|---|---|
| Basis ynformaasje | |
| Namme | Earedivyzje |
| Stifte | 1956 |
| Lân | Nederlân |
| Tal klups | 18 |
| Degradaasje nei | Earste Divyzje |
| Titelhâlder | AFC Ajax |
| Webstee | Earedivyzje |
De Earedivyzje is de heechste fuotbalôfdieling yn Nederlân. Yn de Earedivyzje wurdt strieden om it Lânskampioenskip fan Nederlân. De kompetysje wurdt organiseare troch de KNFB, it Nederlânske fuotbalbûn.
Ynhâld |
Skiednis [bewurkje seksje]
Stifting [bewurkje seksje]
Nei de yntroduksje fan it betelle fuotbal yn Nederlân yn 1954 waard yn de earste twa seizoenen it kampioenskip beslist troch it spyljen fan in kampioenskompetysje. Yn 1955 waard hjiroan dielnaam troch de winners fan de fjouwer earste klassen. Yn it seizoen derop wie de yndieling feroare, sadat yn 1956 om it kampioenskip spile waard troch de twa boppeste klups fan de twa haadklassen. Yn seizoen letter waard is systeem wer wizige. No waard de Earedivyzje ynfiert, in lanlike kompetysje om it kampioenskip fan Nederlân.
Nammewiziging [bewurkje seksje]
De Earedivyzje is in oantal kear fan namme feroare. Dit komt trochdat sûnt 1990 de kompetysje spoansere wurdt troch bedriuwen. Tusken 1990 en 2002 wie de PTT, en letter KPN, de spoanser fan de kompetysje. De namme waard oant 1999 ta feroare yn PTT-Telekompetysje. Letter waarden de nammen KPN-Telekompetysje en KPN Earedivyzje fiert. Yn de simmer fan 2002 moast de KNFB in nei nije spoanser sykje. Dit waard Holland Casino, wêrnei de namme feroare waard ta Holland Casino Earedivyzje.
De kompetysje mocht dan wol jierren lang spoansere wurde, oer it algemien waard net de offisjele namme brûkt, mar bleau de namme Earedivyzje altyd gewoan yn gebrûk. Sûnt 2005 is de offisjele namme ek wer gewoan Earedivyzje.
Dielnimmers yn it seizoen 2010-2011 [bewurkje seksje]
Kompetysje opset [bewurkje seksje]
Yn de Earedivyzje spylje 18 klups om it kampioenskip. De kompetysje begjint meastal yn augustus en eindiget yn maaie, yn jannewaris wurdt in winterstop hâlden. Yn fuotbalseizoenen wêrnei in EK of in WK fuotbal hâlden wurdt begjint en eindiget de kompetysje wat earder.
De folchoarder fan de stân wurdt efterinoar gearstald op:
- Tal punten
- Doelsaldo
- Tal makke doelpunten
Mochten oan it ein fan de kompetysje twa of mear klups lyk stean dan eindigje se lyk op de ranglist. Mocht it nedich wêze dan wurdt der in beslissingswedstriid spile.
Kampioenskip [bewurkje seksje]
De winner fan de Earedivyzje is de Kampioen betelle fuotbal fan Nederlân. As lânskampioen mei de klup meidwaan oan de Champions League. Hoefolle klups der fjirder oan de Jeropeeske fuotbalkompetysjes dielnimme meie hinget ôf fan de posysje fan Nederlân op de UEFA-koëffisjintenranglist. Op it stuit mei Nederlân ien fêste dielnimmer oan de Champions League ôffeardigje, ien oan de foarwedstriden fan de Champions League en fiif oan de UEFA-kup, wêrfan fjouwer mei de kompetysje en ien mei de KNVB beker.
Lânskampioenen [bewurkje seksje]
|
|
|
|
| Club | Aantal |
|---|---|
| Ajax | 22 |
| PSV | 18 |
| Feyenoord | 9 |
| AZ | 2 |
| DOS, DWS, Sparta, FK Twinte | 1 |
Play-offs [bewurkje seksje]
Fan it seizoen 2005-2006 ôf wurde der ein fan it seizoen play-offs spile. Der binne in oantal ferskillende play-offs.
De klups dy’t op de plakken 2 oant en mei 5 eindige binne, spylje yn in thús- en in útwedstriid om in plak yn de foarwedstriden fan de Champions League. By in lykspul telle útdoelpunten dûbel. De nûmer 2 spilet yn de earste omgong tsjin de nûmer 5 en de nûmer 3 tsjin de nûmer 4. De winners tusken dizze wedstriden spylje ûnderling in wedstriid om it Champions League plak. De ferliezers fan de earste wedstriden spylje om in plak yn de UEFA-kup. De ferliezer hjirfan moat tsjin de winner fan de play-offs fan de plakken 6 oant en mei 9 spylje.
De klups op de plakken 6 oant en mei 9 spylje om in UEFA-kup plak. It systeem is kreklyk as by de earste play-offs. De winner fan de ‘finale’ fan dizze play-offs spilet tsjin de ferliezer fan de Champions League play-offs. De ferliezer fan dizze finale mei INTERTOTO-kup spylje.
De tredde play-off giet om in Intertotoplak. Ek dit systeem is it selde as yn de earste. De winner fan dizze play-offs mei oan de INTERTOTO mei dwaan.
De nûmer 1 (de kampioen), de nûmers 14 en 15 en de nûmer 18 (die gelyk degradearret) spylje gjin play-offs. De nûmers 16 en 17 moatte promoasje-degradaasje wedstriden spylje.
Promoasje-degradaasje [bewurkje seksje]
Yn de fjirde en lêste play-off wurdt fêststelt hokker klups yn it kommende seizoen yn de Earedivyzje spylje meie.
De nûmers 16 en 17 spylje hjiryn tsjin de acht bêste klups út de Earste divyzje, útsein de nûmer 1 dy’t gelyk promovearret. De play-offs bestean út trije omgongen. Yn de earste omgong spylje fjouwer klups. Dit binne de fjouwer leechst klasseare klups fan de acht út de Earste divyzje. De nûmer 5 spilet tsjin de nûmer 8 en de nûmer 6 tsjin de nûmer 7. Kreklyk as yn de play-offs om Jeropeesk fuotbal wurde ek hjir in thús- en in útwedstriid spile.
Yn de twadde omgong streame de oare fjouwer klups út de Earste divyzje derby yn. De winners hjirfan wurde út in bêste-út-trije selekteare en kwalifisearje har foar de lêste ommgong. Yn de finale wurde, ek út in bêste-út-trije, de twa winners selekteare. Dizze sille yn it folgende seizoen yn de Earedivyzje spylje.
Mediarjochten [bewurkje seksje]
Yn tsjinstelling fan oare kompetysjes, dêr't omroppen mei eltse klup apart ûnderhannelje moatte om de rjochten, binne yn Nederlân de mediarjochten troch alle klups gearbrocht yn de Earedivyzje CV. De rjochten wurde om de safolle tiid ferkocht.
Op it stuit binne in ferskaat oan rjochten:
- Rjocht op it útstjoere fan alle rjochtstreekse wedstriden.
- Rjocht op it útstjoere fan de rjochtstreekse wedstriid op freed.
- Earste útstjoerrjocht op de wedstriidgearfettings.
- Twadde útstjoerrjocht op de wedstriidgearfettings.
- Radiorjochten, foar rjochtstreeks ferslach.
Dizze rjochten gean net op foar lokale omroppen. Dizze ha gjin rjochten nedich en meie sa streekrjocht radioferslaggen dwaan en gearfettings útstjoere nei de kompetysjeomgong. Dy omroppen meie allinnich bylden útstjoere fan klups yn harren eigen fersoargingsgebiet. Fierder meie klups ek harren eigen bylden sjen litte op harren webstee of yn in eigen televyzjeprogramma.