Wetterskip De Eanjumer- en Ljussenserpolder

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eanjumer - en Ljussenserpolder)
Wetterskip De Eanjumer- en Ljussenserpolder
De Eanjumer- en Ljussenserpolder op de kastrale kaart fan 1832. Boarne: www.inghist.nl
De Eanjumer- en Ljussenserpolder op de kastrale kaart fan 1832. Boarne: www.inghist.nl
bysûnderheden
oprjochte 1592 (as seedykkontribúsje)
opheft 1964
opgien yn Wetterskip de Polder East en West Dongeradiel

Wetterskip de Eanjumer- en Ljussenserpolder, wie in seewarrend wetterskip yn East-Dongeradiel fan 1774-1961. De polder waard yn 1592 bedike en foarme in saneamde Kontribúsje.

Polder fan Eanjum en Ljussens

De polder slút mei earmdiken oan op de efterlizzende Ald Dyk. Yn 1882 waard de dyk ferhege. It oerflak binnen de dyk is sa’n 374 ha., bûtendyks lei nochris sa’n 340 ha. dat no yn it Lauwersmargebiet leit. It bûtendyks lân wie mienskiplik besit mei de Kontribúsje Seediken fan East-Dongeradiel.

It bûtendyks lân waard beskerme troch in yn 1950-51 oanleine simmerdyk fan 3.5m heech en in lingte fan 5.7 km. It dykje waard beskerme fan in laach bitumearre sân. Neist de diken fersoarge de Eanjumer- en Ljussenserpolder ek de natuerlike ôfwettering op de Waadsee en de wei nei De Bandt. De bûtendykske lânoanwinning gie troch oant yn de jierren 1960.
It deistich bestjoer foarme it dykbestjoer en bestie út ien dykgraaf en twa dykdeputearren, waard beneamd troch de Kroan en foardroegen troch de stimhawwenden. Stimhawwend wienen alle persoanen, maatskippijen en 'sedelike lichems' dy’t grûn yn de polder besieten (yngelannen), yn erfpacht hiene of dêr it fruchtgebrûk fan hienen. Mearfâldich stimrjocht. De begrutting, rekkeningen en oare wichtige hannelingen moasten troch Deputearre Steaten goedkard wurde. It polderreglemint fan 1882 waard mear as ien kear wizige.

Sûnt de Grûnwet fan 1848 waarden de kontribúsjes ta reglemintearre wetterskippen makke, mar earst yn 1892 waard der in algemien reglemint foar wetterskippen fêststeld. Yn 1961 giene de sân dykorganisaasjes yn Eastergoa op yn wetterskip Eastergo’s Sédiken en yn 1981 waarden hast alle wetterskippen yn Fryslân ferienige yn Wetterskip Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Anjumer- en Lioessenserpolder.

  • J. ter Steege, C. Boers, De strijd om en tegen het water in de dongeradelel (Dokkum, 1973)