Ealjebijen (toanielstik)

Ut Wikipedy
Ealjebijen
algemiene gegevens
oarspr. titel Σφῆκες
auteur Aristofanes
taal Aldgryksk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun 422 f.Kr.
1e opfiering 422 f.Kr., Atene
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Ealjebijen
publikaasje (net útjûn)
oersetter Klaas Bruinsma

Ealjebijen, yn it oarspronklike Aldgryksk: Σφῆκες, Sfēkes, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Aristofanes446386 f.Kr.). It is in absurdistyske komeedzje dy't fertelt oer it besykjen fan in man om syn âlde heit fan in ferslaving oan sjuerytsjinst ôf te helpen. Saakkundigen beskôgje dit stik as it toanbyld fan it subsjenre fan 'e âlde komeedzje. Ealjebijen, dêr't Aristofanes it Ateenske rjochtssysteem mei op 'e hak naam, datearret fan 422 f.Kr., doe't it opfierd waard as ûnderdiel fan 'e jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus Lenaius. It waard yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ealjebijen iepenet as de âlde man Filokleön troch syn soan Bdelykleön yn syn eigen hûs finzen holden wurdt om him fan syn ferslaving oan rjochtsaken ôf te helpen. De âldman is nammentlik in fileliastes ("rjochtsakofyl"), dy't der alhiel oan ferslingere rekke is om lid te wêzen fan 'e sjuery. Hy besiket op in ferskaat oan ûnwierskynlike manearen te ûntsnappen (bgl. troch him foar te dwaan as reek en sa op te stiigjen troch de skoarstien), en it slagget Bdelykleön en syn slaven hieltyd mar krekt om him tsjin te hâlden. Dan komme de âldman syn maten opdaagjen, oare âlden fan dagen dy't gauris mei him yn 'e sjuery sitte, en swaarmje om Bdelykleön en syn slaven hinne as wiene it ealjebijen. Se bedije der lykwols neat oars mei as dat elkenien op 't lêst sa wurch is, dat beide partijen wol omlyk wolle en men oerienkomt om 'e strideraasje mei wurden op te lossen.

Der folget dan in diskusje tusken de heit en de soan, dy't him taspitst op 'e foardielen dy't de âldman oan syn sjuerytsjinst ûntliend. Filokleön fielt him flaaike troch de oandacht dy't de riken en machtigen him skinke yn ruil foar in útspraak yn harren foardiel, en hy genietet fan 'e macht om 'e wetten te ynterpretearjen sa't hy dat wol, sûnder dat lykfolwa him dêrfoar op 'e fingers tikket. Bdelykleön leit dêr tsjinyn dat sjueryleden ûnderwurpen binne oan 'e wil fan 'e amtlike stân, en dat se foar harren ûntankber wurk boppedat ek noch amper betelle krije. Sa hat Filokleön it noch nea besjoen, mar hy kin him der likegoed net ta bringe om syn leafhawwerij alhiel op te jaan. Dêrop stelt Bdelykleön út dat er tenei ynstee thús rjochtsaken sjurearje sil.

De húskeamer wurdt ynrjochte as in rjochtseal en der wurdt in rjochtsaak foar him brocht dy't in skeel tusken de beide hûnen fan 'e húshâlding oangiet. De iene hûn betichtet de oare derfan in Sisyljaanske tsiis stellen en net mei him dield te hawwen. De tsjûgen binne û.o. in kom, in stamper, in tsiisrasp en in pôt. Mei't dy fansels gjin ferklearring ôflizze kinne, docht Bdelykleön foar elkmis in wurdsje, eltse kear yn it foardiel fan 'e beklage. Dan bringt er ek noch guon jonghûntsjes (de bern fan 'e beklage) binnen om dêrmei Filokleön op it moed te kommen. Mar de âldman lit him net fan 't stik bringe: hy stimt altiten "skuldich" en is fan doel dat no ek te dwaan. Syn soan ferrifelet him lykwols mei gemak, sadat er by fersin syn stim yn 'e urne foar frijspraak docht. It âlde sjuerylid is skokt as de beklage frijsprutsen wurdt. Syn soan ûnthjit him lykwols in jûn fan fermaak, dat tegearre geane se út 'e hûs.

Wylst de spilers yn 'e kûlissen binne, sprekt it koar, besteande út 'e âlde maten fan Filokleön út 'e sjuery, it publyk ta út namme fan 'e toanielskriuwer. Dit is de parabasis, in fêst ûnder diel fan 'e âlde komeedzje. Aristofanes wurdt priizge om syn wurk, wylst it publyk beskrobbe wurdt om't it Aristofanes syn foarrige stik, Wolkens, net genôch wurdearre hat. Nei dat yntermezzo keare heit en soan werom, wylst se redendiele oer de klean en skuon fan 'e âldman. Filokleön is hechte oan syn sjuerylidsdracht, mar Bdelykleön wit him der úteinlik fan it oertsjûgjen dat er sa net fatsoenlik mei oaren oan it miel kin, en kringt syn heit moderne klean en modieus Spartaansk fuotark op. Dêrnei begjinne se te redendielen oer tafelmanearen; sa wegeret Filokleön om wyn te drinken om't er fan miening is dat der allinne mar bargebiten komme kin fan it ynnimmen fan alkohol, mar syn soan bewissiget him derfan dat dat wol wat tafalle sil. Mei in fleurich sin sette se twaresom ôf om by freonen fan Bdelykleön oan it gastmiel.

De Sjuery, fan skilder John Morgan (1861).

It lêste bedriuw iepenet mei in slaaf dy't it publyk warskôget dat Filokleön ûnder it gastmiel sa dronken as in kroade rekke is en dat er himsels hielendal gean litten hat en alle deftige freonen fan syn soan misledige hat. No is er ûnderweis nei hûs, dêrby eltsenien lestich fallend dy't op syn paad komt. Fuort dêrnei is de âldman der al, mei in sturt fan misjegene slachtoffers en in tsjeppe fluitspylster by de earm. Bdelykleön komt oandraven en beskrobbet syn heit om dy syn hâlden en dragen, mar fral om't er de fluitspylster ûntfierd hat. Filokleön beart dat er de fluitspylster foar in fakkel oansjoen hat, mar syn soan trapet dêr net yn. Hy besiket syn heit mei geweld it fanke te ûntnaderjen, mar de âldman slacht him del. Der arrivearje ûnderwilens almar mear lju dy't Filokleön op it sear kommen is, wylst se mei útset lûd finansjele kompinsaasje easkje en mei rjochtsaken driigje. Filokleön besiket op iroanyske wize him út syn swierrichheden te praten as de man fan 'e wrâld dy't er net is, mar dêr makket er it allinnich noch mar minder mei, en al rillegau sleept syn kjel wurden soan him nei binnen ta. It stik einiget mei in koarsang oer hoe dreech oft it foar in man wol net is om fan gewoanten te feroarjen.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sfēkes waard ûnder de titel Ealjebijen yn it Frysk oerset troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't letter ek ferantwurdlik wie foar de Fryske fertalings fan Homêros syn Ilias en Odyssee en fan alle sân oerlevere trageedzjes fan Sofoklês. De oersetting fan Sfēkes datearret nei gedachten út it begjin fan 'e njoggentiger jierren (of mooglik út 'e ein fan 'e jierren tachtich), mei't er al neamd wurdt yn in artikel yn 'e Ljouwerter Krante dat yn septimber 1991 ferskynde ta gelegenheid fan Bruinsma syn publikaasje fan Sofoklês: Trije Trageedzjes.[1] Yn it digitaal argyf fan Tresoar is der lykwols neat fan werom te finen, dat foar 't neist leit Ealjebijen spitigernôch noch earne by Bruinsma thús yn in laad te stofgarjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Kroes, Jan, Trije Trageedzjes fan Sofoklês Ferfryske.

Boarnen

  • Kroes, Jan, Trije Trageedzjes fan Sofoklês Ferfryske, yn: de Ljouwerter Krante, 13 sept. 1991.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.