Eala Frya Fresena
Ut Wikipedy
Eala Frya Fresena is de wapenspreuk fan de East-Fryslân en stamt al út de tiid fan de Fryske seelannen. Eala Frya Fresena wurdt faak ferkeard oersetten nei ‘Heil, frije Friezen’. In bettere oersetting is 'Stean op, frije Friezen'. Dizze spreuk waard by de Opstalbeam sprutsen, by de gearkomsten fan de ôffurdigen fan de Fryske seelannen. De spreuk waard dan yn it Eastfrysk beäntwurde mei 'Lever dood as Slaav'. Nei it Frysk fertaald is dat dus de ferneamde sin 'Leaver dea as slaaf'.
It motto ferwiist nei de Fryske Frijheid. In rjocht dat mooglik troch Karel de Grutte an de Friezen jûn is. Foar de Friezen betsjutte de Fryske Frijheid it rjocht om gjin gesach te akseptearjen, allinnich dat fan it Romeinske Ryk en fan de Kristlike God.

