Dwerchgroukopke

Ut Wikipedy
dwerchgroukopke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje groukopflinters (Hesperiidae)
skaai lytse gersgroukopkes (Thymelicus)
soarte
Thymelicus acteon
Rottemburg, 1775
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

It dwerchgroukopke (Thymelicus acteon) is in soarte yn it skaai fan de lytse gersgroukopkes (Thymelicus).

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter hâldt fan drûge skrale greiden, foaral fan kalkgreiden. De flinter is nei 1981 net wer in Nederlân sjoen.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as ferdwûn út Nederlân. Ynternasjonaal is de status "gefoelich".

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It dwerchgroukopke is yndie mar in lytse flinter; de wjuklingte is 10 oant 13 mm. Hy is ljochtbrún sûnder tekening op de boppekant fan de wjukken. De mantsjes hawwe in swarte geurstreek op de foarwjukken.

Fleantiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fljocht fan heal july oant begjin septimber. It dwerchgroukopke fljocht altyd yn ien generaasje.

Rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rûp kin 25 mm lang wurde. It liif is grien. Ek de kop is grien mar mei twa gielwite fegen. De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp, yn in lyts kokontsje yn in gersstâle.

De rûp fret gerzen, foaral finnige koartstâle.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]