Duvelswannelstôk

Ut Wikipedy
duvelswannelstôk
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift woarteleftigen (Apiales)
famylje klimmerblêden (Araliaceae)
skaai duvelswannelstokken (Aralia)
soarte
Aralia elata
(Miquel) Seemann, 1868

De duivelswannelstok of ingelbeam (Aralia elata) is in markante strûk of lytse beam. It duvelske sit him yn de skerpe stikels op de stamme. De skermen mei blêden sitte oan de top, dêrtroch is it dekorative strûk. Groeit yn ljocht en healskaad.

Klimmerblêd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De duvelswannelstok heart ta de klimopachtigen (Araliaceae) en is dus famylje fan de gewoane klimmerblêd (klimop), mar kin sels net klimme. De besibbenens is pas te sjen as de blommen fergelike wurde. De soarten hawwe in bolskermfoarmige bloeiwize. De measte oare soarten fan de klimopfamylje, lykas Acanthopanax en Kalopanax, drage skerpe stikels op tûken en twigen. In duvelswannelstôk hat lange blêdstâlen mei dêroan twa- oant trijekear fearre blêden. De grutte skermen mei blêden groeie yn alle rjochtingen. De skermen binne licht bûgd en steane hast horizontaal op de stamme. De strûk hat in sterk arsjitektoanyske foarm: keale opgeande stammen mei platte skermen derop. Soks is benammen winterdeis goed te sjen as de blêden ôffallen binne en allinnich de stammen oerbliuwe.

Japan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De duvelswannelstôk is lânseigen yn Japan en groeit dêr yn iepen bosken en op flakten. De strûk is blêdferliezend. De bloei begjint yn july en rint troch oant yn oktober. Der komme in soad bijen op de blommen ôf. By de bloei stiet de strûk mids in swiete rook. De blommen dy't befruchte binne litte harren tsjelkblêdsjes falle. Under de strûk leit dan in tapyt fan krêmekleurige blommeoerbliuwsel.

Beien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As de donkere swartblauwe beien ienkear ryp binne, dale swermen protters op dit lekkere hapje del. It tiidstip fan ryp wêzen fan de beien is hast lyk oan de oankommende trek fan de protters. Yn in sucht binne de beien ferdwûn, sapspatten fan de beien en protterstront bliuwe as oantinken efter.
Aralia lient him goed om as solitêr yn foar- of achtertún te plantsjen. De plant hoecht net snoeid te wurden, útrinners komme bytiden wol meardere meters fan de memmeplant boppe de grûn, krektas bygelyks de ferwielbeam.

Kultivearre soarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Aralia elata 'Variegata' is in fariëteit mei grut, wytbûnt blêd. Ek te keap ûnder Aralia elata 'Albomarginata'
  • Aralia elata 'Aureovariegata': mearstammige strûk mei goudgiel rânen oan de blêden. Groeit stadich.
  • Aralia elata 'Golden Umbrella': goudbûnt kleure blêden. De stamme kin by't winter diels wromfrieze.
  • Aralia elata 'Silver Umbrella': smelle wite blêdrâne. Wurdt 2 - 3 meter heech.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]