Dirk Lenige

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Durk Lenige")
Gean nei: navigaasje, sykje

Dirk Lenige, ( Makkum 20 augustus 1722 - ± 1798 ) wie in Makkumer skriuwer.

Hy wie in meniste keapman en seilmakker dy't yn de twadde helte fan syn libben Nederlânske en Fryske gedichten skreau. In soad gelegenheidsrimen, natoergedichten en hardersfersen. Hy wie de earste dy't de sonnetfoarm brûkte yn Fryslân, en dan yn it Makkumer dialekt.

Syn wurk is ûngelyk fan wearde mar toant wol de keunstopfettings fan syn tiid. Boppedat is der ynfloed fan de Hollânske literatuer yn syn dichtgenoatskip "Kunst kweekt het menschelijk geluk". Ek syn dochter Cynthia (1755-1780) waard hjir letter lid fan. Syn bibliografy is de grutste boarne fan it Makkums, der is gjin oar dialekt wêrfan safolle wurk fan sa lang lyn bewarre bleaun is. Yn 1958 waarden syn Fryske gedichten útjûn.

[bewurkje seksje] Literatuer

  • De Fryske fersen (1959)
  • Brouwer, J.H., De Fryske fersen fan Durk Lenige en oare Makkumers. Magnus-rige 8. Teksten út de Fryske skriftekennisse. A.J. Osinga, Boalsert (1959).

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels