Durk Camphuysen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Portret toch G. Casteleyn en Salomon Savery

Dirck Rafaëlssoan Camphuysen (Gorkum, 1586 - Dokkum, 19 july 1627) wie in ferneamd dichter en tinker. Camphuysen is berne yn Gorinchem yn 1586. Nei syn stúdzje teology yn Leien, wurke hy yn syn jonge jierren as predikant yn Fleuten. Letter waard hy fanwege syn Arminjaanske tinkbylden ferfolge.

Camphysen kaam op syn flecht foar de kontraremonstranten fia East-Fryslân (Norden) nei Harns (1621-1622) en wie in skoft op It Amelân (1622) en Dokkum (1623-1627). Hjir die hy oersetwurk (û.o. Psalmberiming) en hied er in flaakshannel. Yn 1625 bedankte er foar in professoraat yn Rakow. Ofkearich fan alle tsjerklike autoriteit fielde er him it measte thús by de kollegianten.

Syn bekendste wurk is 'De Stichtelyke Rymen' út 1624. Dit wurk waard yn in ieu tiid 50 kear werprinte, wat bewiist dat Camphuysen nei Jacob Cats de meast lêzen dichter fan syn tiid wie.

Camphuysen stoar yn 1627 yn Dokkum. It steedlik Gymnasium fan Gorinchem is nei him neamd.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • Daer moet veel strijdts gestreden sijn (1618)
  • Stichtelycke rymen ( 4 dielen, 1624, 1628, 1658)
  • Uytbreyding over De Psalmen des propheten Davids (1630)