Drukkerij Plantijn

Ut Wikipedy
Parse yn it Plantin-Moretusmuseum
Christoffel Plantijn troch P.P. Rubens

Boekdrukkerij Plantijn waard 1555 yn Antwerpen stichte troch Christoffel Plantijn, dy't fan Frankryk kaam en him yn 1548 of 1549 yn Antwerpen fêstige. It bedriuw waard ien fan de grutste boekprinterijen fan Jeropa.

Plantijn wie in slûchslim sakeman en drukte boeken voor humanisten, katoliken en protestanten. Hy wurke net allinne foar de Spaanske kening Filips II, mar ek foar Justus Lipsius, de wichtichste humanist nei Erasmus. It slagge Plantijn en krij it monopoalje foar de druk en útjefte fan missalen en brevieren foar alle lannen ûnder de Spaanske kroan. Oare wichtige wurken wiene it Dictionarium Tetraglotton (1562) in wurdboek mei Latynske, Grykske, Nederlânske en Frânske wurden. Yn 1568-1572 printe it hûs Plantijn de Biblia Regia yn fiif talen en yn acht dielen.
Yn 1573 ferskynde Thesaurus Theutonicae linguae. Schat der Neder-dutscher spraken, it earste Nederlânsktalige wurdboek. Ien fan de auteurs wie Kornelius Kiliaan, dy't proeflêzer en korrektor fan de drukkerij wie.

Nei de dea fan Plantijn yn 1589 waard de boekdrukkerij oernaam troch syn skoansoan Jan Moretus. Fan doe ôf oan waarden der benammen noch boeken printe foar de katolike Kontrareformaasje. Yn 1866 gie de drukkerij ticht en waard it in museum, it Plantin-Moretusmuseum, dat yn 2005 troch de UNESCO opnaam waard yn de list fan it wrâlderfgoed.