Drew Barrymore

Ut Wikipedy
Drew Barrymore
akteur
Drew Barrymore yn 2014.
Drew Barrymore yn 2014.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Drew Blyth Barrymore
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 22 febrewaris 1975
berteplak Culver City (Kalifornje)
etnisiteit Hongaarsk
Iersk
Ingelsk
jierren aktyf 1980 – no
offisjele webside
www.drewbarrymore.com

Drew Barrymore (folút: Drew Blyth Barrymore; Culver City (Kalifornje), 22 febrewaris 1975), is in Amerikaansk aktrise, model, regisseur en filmprodusinte út in âlde Hollywood-famylje. Hja waard foar it earst bekend doe't hja mei seis jier ien fan 'e haadrollen fertolke yn Steven Spielberg syn science fiction-film E.T. the Extra-Terrestrial. Nei jierren fan wrakseljen mei ferslavingsproblemen makke se fanôf 1992 in comeback mei films as Poison Ivy, Bad Girls, Charlie's Angels, The Wedding Singer en 50 First Dates.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Drew Barrymore waard yn 1975 berne yn it Súdkalifornyske Culver City, as de dochter fan akteur John Drew Barrymore en aspirant-aktrise Jaid Makó. Wylst har heit fan mingd Ingelsk-Iersk etnysk komôf wie, waard har mem oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch berne yn in kamp foar Hongaarske flechtlingen yn West-Dútslân. Barrymore hat in healbroer, de akteur John Blyth Barrymore, en twa healsusters, Blyth Dolores ("Brahma") Barrymore, en Jessica Blyth Barrymore. Har peetâlden binne regisseur Steven Spielberg en aktrise Sophia Loren. (Sels is hja trouwens de petemem fan Frances Bean Cobain, de dochter fan sjongster en aktrise Courtney Love en sjonger Kurt Cobain.)

Barrymore har pake John Barrymore mei Greta Garbo yn 'e film Grand Hotel (1932).

Drew Barrymore har pake oan heitekant wie akteur en Hollywood-leginde John Barrymore, en har beppe Dolores Costello, wylst har oerpakes en -beppes de akteurs Maurice Barrymore en Georgiana Drew Barrymore en Maurice Costello en Mae Altschuk Costello wiene. Ek har muoike Diana Barrymore en har âldomkes en -muoikes Lionel Barrymore, Ethel Barrymore en Helene Costello binne of wiene akteurs, krekt as har betoerpake John Drew en betoerbeppe Louisa Lane Drew, wylst har oerâldomke John Drew jr. yn syn tiid in Broadway-idoal wie en har oerâldomke Sidney Drew in akteur, senarioskriuwer en regisseur út it tiidrek fan 'e stomme film.

Bernestjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Drew Barrymore sette útein mei har aktearkarriêre doe't se mei alve moannen in rol hie yn in reklamespotsje foar hûnefoer. Neffens it ferhaal waard hja dêrby biten troch har tsjinspiler, en de reklamelju tochten dat se doe wol ynpakke koene, mar Barrymore lake der allinne mar om.

Barrymore har heit John Drew Barrymore mei Anne Helm yn 'e tillefyzjerige Gunsmoke, yn 1964.

Har filmdebút makke se yn Altered States, út 1980, dêr't se in lyts roltsje yn hie. In jier letter, op har sechsde, caste har peetheit Spielberg har yn 'e rol fan Gertie, it jongere suske fan Elliott, de haadpersoan yn 'e berne-science fiction-film E.T. the Extra-Terrestrial, wat har grutte trochbraak waard. Yn 'e folgjende jierren spile se ferskate haadrollen yn films en ûntjoech se har ta ien fan 'e meast ferneamde bernestjerren fan 'e wrâld. Yn 1984 waard se nominearre foar in Golden Globe foar har rol yn Irreconcilable Differences, wêryn't se in famke spile dat fan har âldelju skiede woe.

Ferslavingsproblematyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Har stjerrestatus wie mear as wêr't Barrymore op har jierren mei omgean koe, en doe't yn 1984 har âldelju skieden en se yn soarte fan opfiedkundich fakuum belâne, hie dat jammerdearlike gefolgen. Op har njoggende smookte se al geregeldwei sigaretten; doe't se alve jier wie, rekke se ferslave oan alkohol; mei tolve jier brûkte se marihûana; en op har trettjinde begûn se kokaïne te snuven. Tsjin 'e tiid dat se fjirtjin jier wie, siet se yn in ûntwenningsklinyk en fanwegen in besykjen om harsels tekoart te dwaan bedarre se foar har fyftjinde noch wer yn in oare klinyk. Neitiid waard se in fearnsjier opfongen by sjonger David Crosby-en-dy thús, om't se, neffens Crosby, minsken om har hinne hawwe moast dy't net dei yn, dei út nei de drank en de drugs griepen. Dat jiers, yn 1990, skreau se har autobiografy Little Girl Lost. It jiers dêrop, yn 1991, frege Barrymore de rjochter om har te ûntheffen fan 'e âlderlike fâdij, en doe't yn dat fersyk tastimd waard, sette se har nei wenjen yn in eigen appartemint.

Drew Barrymore yn 1984 mei presidint Ronald Reagan.

Comeback[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1992 makke Barrymore in comeback as aktrise yn 'e film Poison Ivy, wat it begjin wie fan in hiele rige rollen dy't har mei opsetsin it imago fan in manipulative ferliedster yn har tinerjierren joegen. Hoewol't Poison Ivy yn 'e bioskoop flopte, waard it in súkses doe't it op fideo útbrocht waard. Datseldichste jiers, doe't se santjin wie, posearre se neaken foar de omslach fan it tydskrift Interview, tegearre mei har ferloofde Jamie Walters. Ek yn it blêd wie se neaken te sjen. Fierders ûndergie se yn 1992 ek in boarstferlytsingsoperaasje. Yn 1993 waard Barrymore jitris nominearre foar in Golden Globe, diskear foar har rol yn 'e film Guncrazy. Op har njoggentjinde, yn 1995, stie se neaken yn it jannewarisnûmer fan 'e Amerikaanske edysje fan 'e Playboy, wylst se letter dat jiers, doe't se te gast wie yn it praatprogramma de Late Show, by in berucht ynsidint har boarsten sjen liet oan presintator David Letterman, al hie se dêrby har rêch nei de kamera ta.

Drew Barrymore yn 1989 mei akteur Corey Feldman.

Yn 'e njoggentiger jierren hie Barrymore súkses mei films as de westernfilm Bad Girls (1994) mei Madeleine Stowe, Andie MacDowell en Mary Stuart Masterson, de dramakomeedzje Boys on the Side (1995), mei Whoopi Goldberg en Mary-Louise Parker, de komeedzje The Wedding Singer (1998), mei Adam Sandler, en it kostúmdrama Ever After (1998), in moderne fariant op it mearke Jiskepûster. Fierders ferfolle se ferskate cameoroltsjes, lykas yn 'e horrorfilm Scream en de superheldefilm Batman Forever. Yn 1997 rjochten Barrymore en har sakepartner Nancy Juvonen de filmstudio Flower Films op, mei as earste produksje Never Been Kissed, in film mei Barrymore sels yn 'e haadrol, dy't yn 1999 útkaam.

Ek de kaskreaker Charlie's Angels, út 2000, mei yn 'e haadrollen Barrymore, Cameron Diaz en Lucy Liu, waard produsearre troch Flower Films, krektlyk as de lettere súksessen 50 First Dates (2004) en Music and Lyrics (2007) en de kultfilm Donnie Darko (2001). Barrymore wie sels as filmprodusinte û.m. belutsen by it meitsjen fan Never Been Kissed, Charley's Angels, Donnie Darko en Charley's Angels: Full Throttle (2003), wêryn't se fannijs de rol fan Dylan Sanders spile, wat har in nominaasje foar in Emmy Award opsmiet. Dêrnjonken hat se ek wurksum west as regisseur fan 'e dokumintêre Choose or Lose Presents: The Best Place to Start (2004), de film Whip It (2009) en de fideoklip Our Deal foar de band Best Coast (2011). Fierders hat Barrymore wurke as tillefyzje-aktrise, stimaktrise, presintatrise, model en tillefyzjeprodusinte (foar de nije searje Charlie's Angels). Yn 2004 krige se har eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame. Yn 2007 waard se beneamd ta ambassadrise fan it World Food Programme fan 'e Feriene Naasjes.

Drew Barrymore yn 2007, by de Londenske premiêre fan Music and Lyrics.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1991, doe't se sechstjin jier wie, ferloofde Barrymore har mei Leland Hayward, de pakesizzer fan filmprodusint Leland Hayward, mar nei in pear moanne waard de ferloving ôfbrutsen. Fan 1992 oant 1993 wie se dêrnei ferloofd mei muzikant en akteur Jamie Walters. Op har njoggentjinde, op 20 maart 1994, troude se foar de earste kear, mei de fan oarsprong Britske bareigner Jeremy Thomas, mar se skiede minder as twa moannen letter alwer fan him. Yn 1999 begûn se om te gean mei MTV-presintator en komyk Tom Green, mei wa't se twa jier gearwenne ear't se yn july 2001 trouden. Mar ek dit twadde houlik strâne, yn oktober 2002.

Neitiid hie Barrymore fan 2002 oant 2007 in relaasje mei drummer Fabrizio Moretti fan 'e band The Strokes, folge troch in relaasje mei akteur Justin Long fan 2007 oant 2008 en nochris fan 2009 oant 2010. Begjin 2011 kaam Barrymore yn 'e kunde mei keunstkenner Will Kopelman, mei wa't se op 2 juny 2012 troude. Op 26 septimber fan dat jier waard harren dochter Olive Barrymore Kopelman berne. Barrymore hat sein dat se it joadske leauwe fan har man bewûnderet en it yn har omgean lit om har dêrta te bekearen. Ek hat se (yn 2003) planút oanjûn dat se biseksueel is en dat se ek in protte (romantyske) relaasjes mei froulju hân hat. Dêrfandinne dat Barrymore ek aktyf is as homorjochte-aktiviste en geregeldwei oer dat ûnderwerp publisearret.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As aktrise[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1980 Altered States Margaret Jessup
1982 E.T. the Extra-Terrestrial Gertie
1984 Firestarter Charlie McGee
1984 Irreconcilable Differences Casey Brodsky
1985 Cat's Eye Amanda
1986 Babes in Toyland Lisa Piper
1987 Conspiracy of Love Jody Woldarski
1989 See You in the Morning Cathy Goodwin
1989 Far from Home Joleen Cox
1991 Motorama Fantasy Girl cameo
1992 Poison Ivy Ivy
1992 Waxwork II: Lost in Time fampiereslachtoffer #1 cameo
1992 Guncrazy Anita Minteer
1993 No Place to Hide Tinsel Hanley
1993 Doppelganger Holly Gooding
1993 Wayne's World 2 Bjergen Kjergen
1994 Bad Girls Lilly Laronette
1995 Boys on the Side Holly Pulchik
1995 Mad Love Casey Roberts
1995 Batman Forever Sugar
1996 Everyone Says I Love You Skylar Dandridge
1996 Scream Casey Becker
1997 Best Men Hope
1997 Wishful Thinking Lena
1998 The Wedding Singer Julia Sullivan
1998 Ever After Danielle de Barbarac
1998 Home Fries Sally Jackson
1999 Never Been Kissed Josie Geller ek útfierend produsinte
2000 Skipped Parts Fantasy Girl
2000 Titan A.E. Akima Kunimoto as stimaktrise
2000 Charlie's Angels Dylan Sanders ek filmprodusinte
2001 Donnie Darko Karen Pomeroy ek útfierend produsinte
2001 Freddy Got Fingered resepsjoniste fan Davidson cameo
2001 Riding in Cars with Boys Bev Donofrio
2002 Confessions of a Dangerous Mind Penny Pacino
2003 Charlie's Angels: Full Throttle Dylan Sanders / Helen Zaas ek filmprodusinte
2003 Duplex Nancy Kendricks ek filmprodusinte
2004 50 First Dates Lucy Whitmore
2005 Fever Pitch Lindsey Meeks ek filmprodusinte
2006 Curious George Maggie Dunlop as stimaktrise
2007 Music and Lyrics Sophie Fisher
2007 Lucky You Billie Offer
2008 Beverly Hills Chihuahua Chloe as stimaktrise
2009 He's Just Not That Into You Mary Harris ek útfierend produsinte
2009 Everybody's Fine Rosie Goode
2009 Whip It Smashley Simpson ek regisseur en filmprodusinte
2010 Going the Distance Erin Langford
2012 Big Miracle Rachel Kramer
2014 Blended Lauren Reynolds
2015 Miss You Already Jess
2020 The Stand-In Candy
tillefyzje
1985 ABC Weekend Specials Con Sawyer ôflevering The Adventures of Con Sawyer and Hucklemary Finn
1985 Star Fairies Hilary as stimaktrise; tillefyzjefilm
1986 The Ray Bradbury Theatre Heather Leary ôflevering The Screaming Woman
1986 Babes in Toyland Lisa Piper tillefyzjefilm
1989 CBS Schoolbreak Special Susan ôflevering 15 and Getting Straight
1992 Sketch Artist Daisy tillefyzjefilm
1992 2000 Malibu Road Lindsay Rule 6 ôfleverings
1993 The Amy Fisher Story Amy Fisher tillefyzjefilm
1996 Bill Nye the Science Guy harsels ôflevering Flowers
1999 Olive, the Other Reindeer Olive as stimaktrise; tillefyzjefilm
2000 The Simpsons Sophie as stimaktrise; ôflevering Insane Clown Poppy
2005-2013 Family Guy Lana Lockhart / Jillian Russell 12 ôfleverings
2009 Grey Gardens Edith Bouvier Beale tillefyzjefilm
2016 Odd Mom Out Meredith ôflevering Knock of Shame
2017-2019 Santa Clarita Diet Sheila Hammond haadrol; ek útfierend produsinte
2017 First Dates voice-over
2018 Insatiable harsels argyfmateriaal
2019 The World's Best harsels sjuerylid
fideoklips
1995 You Got It fan Bonnie Raitt
1999 Candy in the Sun fan Swirl 360
2017 Drew Barrymore harsels SZA

As regisseur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as regisseur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
2009 Whip It Smashley Simpson ek haadrolspylster en filmprodusinte
fideoklips
2011 Our Deal n.f.t.

As produsinte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as produsinte
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1999 Never Been Kissed Josie Geller útfierend produsinte; ek haadrolspylster
2000 Charlie's Angels Dylan Sanders filmprodusinte; ek haadrolspylster
2001 Donnie Darko Karen Pomeroy útfierend produsinte; ek haadrolspylster
2003 Charlie's Angels: Full Throttle Dylan Sanders / Helen Zaas filmprodusinte; ek haadrolspylster
2003 Duplex Nancy Kendricks filmprodusinte; ek haadrolspylster
2005 Fever Pitch Lindsey Meeks filmprodusinte; ek haadrolspylster
2009 He's Just Not That Into You Mary Harris útfierend produsinte; ek haadrolspylster
2009 Whip It Smashley Simpson filmprodusinte; ek regisseur en haadrolspylster
2014 Animal n.f.t. filmprodusinte
2014 How to Be Single n.f.t. útfierend produsinte
2019 Charlie's Angels n.f.t. útfierend produsinte
tillefyzje
2011 Charlie's Angels n.f.t. útfierend produsinte
2017-2019 Santa Clarita Diet Sheila Hammond útfierend produsinte; ek haadrolspylster

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.