Drakenburch

Ut Wikipedy
Konferinsjesintrum Drakenburch

Drakenburch is in konferinsjesintrum yn de bosken by Baarn, by Anna’s Hoeve.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Midsiuwen

Op it byhearrende lângoed stie eartiids de ridderhofstêd Drakenburch. It wie in kastiel dat allinnich foar bewenning brûkt waard. Om 1300 leinen by Baarn in soad heidefjilden en feangrûnen. Foar de ûntginning fan de fjilden waard in part yn brûklien frege oan de biskop fan Utert. It brûklien waard ferliend oan Vrederick Heren Wernarszoon fan Drakenburch. Vrederick wie fan deftige komôf út Utert en naam de famyljenamme Drakenburch oan, nei alle gedachten nei de namme fan in hûs yn Utert dêr’t er wenne. Op de feangrûnen yn Baarn boude hy de hofstee Drakenburch yn de buert fan it hjoeddeiske kastiel Groeneveld. Der waard in kanaal groeven foar it stekken fan de turf. Nei it ferstjerren fan Vrederick (1340) folge syn soan Werner him op. Werner liet de hofstee ôfbrekke en boude kastiel Drakenburch. It kastiel waard ferstevige mei swiere muorren en djippe grêften en Werner waard ta ridder ferheft. Twahûndert jier lang bleau it kastiel yn it besit fan de famylje Fan Drakenburch, oant de dea fan Johan fan Drakenburch ( 1520). Om 1536 wie Drakenburch de ienige ridderhofstêd fan it Goai. De Ridderhofstêd Drakenburch joech yn gefal fan oarloggen beskerming oan de omlizzende doarpen.

Ofbraak

Nei in oantal wikselingen fan eigener waard it kastiel yn 1811 ôfbrutsen en troch in deftich lânhûs ferfongen. Professor Gerardus Vrolik kocht it hun mei lannerijen yn 1823. In goede freon fan him, de bekende skriuwer Jacob van Lennep, kaam in oantal kearen op besite. Dit hat mooglik de oanlieding west foar Jacob van Lennep om it boek “Ferdinand Huyck” te skriuwen. Dat ferhaal spile him of op Drakenburch, yn it boek “De Guldenhof” neamd. Nei it ferstjerren fan professor Vrolik in 1860 waarden alle besittings ferkocht en yn 1870 waard it lânhûs sloopt op it koetshûs nei.

Folkshegeskoalle

Foar de Twadde Wrâldoarloch ûntstie it idee om in Folkshegeskoalle Drakenburch te bouwen. It idee foar folkshegeskoallen komt út Denemark. It hie as doel om it gewoane folk út doarpen en buorskippen út it isolemint te heljen fan earmoede, analfabetisme en brek oan sosjaal-maatskiplike en kulturele ûntwikkeling. Yn 1928 ûntstie ek by Jan Beerends en in oantal oaren it idee om in Folkshegeskoalle op te rjochtsjen.
Jan Beerends waard yn Alkmaar berne en krige net folle ûnderwiis. Doe’t er tolve jier wie begûn hy as loopjonge by in grutwinkelbedriuw. Dêrnei waard er etaleur en ferkeaper. Hy die in spad oan selsstúdzje en kaam yn kontakt mei minsken út de wrâld fan keunst en kultuer. Neidat der in oantal reisbrieven út Rome fan him publisearre waarden yn De Maasbode út Rotterdam, waard Jan Beerends frege om dêrfoar sjoernalist te wurden. It doel fan de Folkshegeskoalle wie om in plak te hawwen dêr’t minsken út ferskillende maatskiplike en religieuze fermiddens elkoar moetsje koene. Dit paste yn de ûntwikkelingen fan de jierren 1930 en 1940: oan de iene kant ûntwikkele him in emansipaasje fan de Nederlânske katoliken en harren organisaasje yn de eigen katolike pylder, oan de oare kant wienen der jonge yntellektuelen dy’t sûnt de jierren tritich de ferpyldering krekt trochbrekke woenen. Men woe der op oan dat yn elke provinsje in eigen Folkshegeskoalle kaam, mar dat slagge net hielendal. Ek yn Baarn foel de oprjochting net ta, omdat it roomske karakter botste mei it ‘frije’ idee fan in Folkshegeskoalle. Yn 1938 waard it lângoed kocht en waard de “Jeugd Wurkmienskip Drakenburch” oprjochte. Dit inisjatyf kaam fan foarfjochters foar in Katolike Folkshegeskoalle en de Katolike Arbeiders Beweging (K.A.B.). It idee wie om hieltyd 100 jonge wurkleazen ûnderdak en wurk te jaan. Dit waard keppele oan it plan om de jongeren ûnder lieding fan in oannimmer “Drakenburch” opnij bouwe te litten.
Earst waard in houten kamp boud, dêr’t de jongerein fakûnderwiis, algemiene ûntwikkeling en kulturele foarming krigen. Jan Beerends wie kampkommandant. Dêrnei waard útein set mei de bou fan “Drakenburch”. De stichters van het kamp woenen der gjin ‘gesticht’ fan meitsje, mar in noflike sfear skeppe. Yn it earste jier wurken der yn totaal 234 jongeren. Se moasten soargje foar de oanlis fan in seis kilometer lange haadwei (no Sânheuvelwei), wannelwegen troch de bosk, plantsoenen en in grientetún. Dêrneist wie der wurk as mitselje, timmerje, smeie, skilderje en meubel meitsje. Der wie in strakke dei-yndieling: 6.30 oere fan’t bêd of,, gearkomme en lieten sjonge, de hiele dei wurkje en dan in jûnprogramma. It foarmingsprogramma bestie út in ferplichte en in frij diel. Ta it frije diel hearden ûnder oare natoerstúdzjes, sjonglessen, kursus Nederlânske taal en boekhâlden. Der kaam ek in bibleteek mei 450 eigen boeken en in oantal katolike kranten.

Twadde Wrâldoarloch

Yn 1941, doe’t it gebou sa goed as klear wie, waard it beset en yn gebrûk nomd troch de Dútsers. De Dútsers brûkten it pân as haadkertier en joegen it in bettere útstrieling troch der moarmer yn te lizzen, wat no noch yn orizjinele steat yn sit. It ynterieur fan it haadgebou waard net sparre troch de Dútsers. Pas nei maaie 1945 koe der begûn wurde mei it Folkshegeskoallewurk. Jan Beerends late it ynstitút fan 1945 - 1966. Yn 1946 en 1947 kamen der totaal 112 organisaasjes yn Drakenburch om in programma te fersoargjen. Ek organisearre Drakenburch sels gearkomsten foar ferskate groepen. Tema’s yn it jier 1948/1949 wienen: kristendom & kommunisme, Dútslân as Europeesk probleem, wêzen en karakter fan de folkskultuer, kristendom & humanisme, it Nederlânske geastskaaimerk en gesinskultuer.

Nei de Twadde Wrâldoarloch

Der ûntstienen yn it bestjoer fan Drakenburch fûle diskusjes oer it katolike karakter fan de Folkshegeskoalle en it iepenstean foar oarstinkenden. Jan Beerends liet yn 1955 yn it blêd De Tijd witte dat it neffens him gie om it ‘iepen katolisisme’: de katoliken makken diel út fan in grutter gehiel en dêrom stie Drakenburch ek iepen foar net-katoliken. Under syn namme waard úteinlik yn 1964 'katolike' út de namme skrast en Drakenburch waard lid fan de “Algemiene Feriening ta Stichting fan Folkshegeskoalle”. Yn dat jier is ek de Slotseal (doetiids Aula) boud. Yn 1966 naam Jan Beerends ôfskied en kaam Anton van de Brink foar him yn it plak.
Yn 1990 waard de linkerfleugel ferboud, wêrby’t ûnder oaren it hjoeddeiske restaurant en tweintich hotelkeamers boud waarden. Yn 1992 kaam der in fúzje tusken de Woodbrookers út Bentveld, de Folkshegeskoalle Drakenburch en de Born yn Bennekom. De namme “Travers-training, foarming en advys” ûntstie. It bestjoer fan Drakenburch bleau bûten dizze organisaasje en besluet it gebou te ferhieren oan Travers en it eigen personiel dêr ûnder te bringen. Nei in fallissemint fan Travers is Stichting Drakenburch selsstannich trochgien mei de eksploitaasje fan it konferinsjesintrum en it personiel.
Ein 2002 stie it bestjoer fan Drakenburch foar in dilemma. Slope we it pân en ferfange wy it troch in nij gebou, of hâlde wy it pân sa en renovearje wy it? Yn dyselde tiid waard de nije (en hjoeddeiske) direkteur Miriam Besteman oannomd. Tegearre beslueten se it pân te behâlden en dúdlik te meitsjen dat it besteande gebou optimaal eksploitearre wurde koe. Hjirtroch koe it kiele lângoed bewarre wurde.
Der is fasearre renovearre en de organisaasje is op profesjoneel en maatskiplik mêd bloeiend. “Romte foar Groei” is it biedwurd fan Konferinsjesintrum Drakenburch anno 2010.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: