Draaioargel

Ut Wikipedy
Draaioargel yn Wenen, Eastenryk

In draaioargel is in meganysk ynstrumint dat wurket trochdat der oan in tsjil draaid wurdt. Eeartiids mei de hân, tsjintwurdich hast altiten motoarysk.

Yn Fryslân wienen yn 1974 seis saneamde strjitdraaioargels, wêrfan twa yn Ljouwert (de Gouwe mei 89 toets en Fruitskalen mei 72 toets) en fierders yn Snits (Milord mei itselde gamma as de Gouwe yn Ljouwert), Ljouwert (Omke Romke, 56 toets), Dokkum (De Granaat, 89 toets) en Wolvegea (De Grutte Doarus, 90 toets). Net ien fan dizze oargels is orizjineel: de bourdonfluiten binne letter oanbrocht. Omke Romke koe noch wat werombrocht wurde yn âlde steat.
Yn Fryslân wie doe noch ien konsertoargel, 78 toets fan fabrikant Ruth (Waldkirch), boud yn 1910. Eigener is Rienk Kooistra fan Goutum. It oargel is noch hielendal orizjineel.
Dêrneist wiene der seis lytse merkeoargels, wêrfan twa goed spilen: de 56-toets Wellershaus (net gromatysk) fan A. Buwalda en de 52 toets fan S. Cloosterman.

De Gavioli klup is de Feriening ta Ynstânhâlding fan merkekonsertoargels. Oprjochte yn 1964, foarsitter wie H.J. de Bruin yn Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: