Downing Street

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Downingstreet
Sir Georg Downing

Downing Street is in strjitte yn Londen. De strjitte is fral bekend om't op nûmer 10 de minister-presidint fan Grut-Brittanje wennet. Downing Street 11 is minder bekend, mar dat is it adres fan de amtswent fan de Britske minster fan finânsjen.

Downing Street leit yn it sintrum fan Londen en is in sydstrjitte fan Whitehall, tichteby de Houses of Parliament en Buckingham Palace. De strjitte is boud troch Sir George Downing (1632-1684), militêr en diplomaat ûnder Oliver Cromwell. Yn 1735 joech koning George II it pân yn gebrûk oan premier Robert Walpole yn syn funksje fan First Lord of the Treasury. Offisjeel is de tresoarbewarder noch altyd de bewenner fan it hûs. Yn de praktyk is de First Lord meastal deselde as de Prime Minister.

Ut reden fan feiligens is Downingstreet net mear frij tagonklik.