Down Ampney
Ut Wikipedy
| Down Ampney | ||
| Polityk | ||
| Lân | Feriene Keninkryk | |
| Oar | ||
| Webside | Webside fan Down Ampney | |
Down Ampney is in middel-grut doarp yn it distrikt Cotswold yn it greefskip Gloucestershire, yn Ingelân.
De Old Vicarage yn Down Ampney wie it berteplak fan Ralph Vaughan Williams yn 1872. Hy hat in melodij komponearre (brûkt foar de hymne "Come Down, O Love Divine") mei de titel "Down Ampney".
Yn de Twadde Wrâldkriich hie de RAF in fleanfjild by it doarp. De tsjerke hat glês-yn-leadruten ta oantins fan de fleanders dy't meidienen oan de Slach by Arnhim yn 1944.
It doarp hat in mear as 150 jier âlde skoalle, sportfjilden, in tennisklup, in doarpshûs, in lytse winkel en in tige âlde tsjerke.