Dornier Do 17Z

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Dornier Do 17 Z

De Dornier Do 17Z wie in bommewerper fan de Dútske Luftwaffe, dy't fral yn it begjin fan de Twadde Wrâldkriich ynset waard, bygelyks yn de slach om Ingelân, mar earder ek al yn de Spaanske Boargeroarloch (1936-1939).

It tastel mei de bynamme Fleanend Potlead waard nei dy slach net mear produsearre, it wie ferâldere. It ûntwerp wie fan 1934 en wie oarspronklik bedoeld as postfleantúch. Wol bleau it tsjinst dwaan as treningsfleanmasine en as nachtjager.

Doe't it yn 1937 troch de Luftwaffe út de kast helle waard, útrist mei Daimler-Benz DB 600A motors, wie it de jagers út dy tiid noch de baas (as Schnellbomber), mar doe't dat type motors nei de Messerschmitt Bf 109 giene en Dornier mei lichtere moters ta moast, wie it gjin partij foar jagers as de Hawker Hurricane en de Spitfire. Ek oan it Eastfront foldie it tastel net langer.

Fleanders hâlden wol fan it tastel om't it sterk, stabyl en betrouber wie. De Do 17 hie gjin bepânsering.

Yn totaal binne der 2.139 fan boud en hat it tsjinne by ferskate Jeropeeske loftmachten.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Dornier Do 17 en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen