Donough MacCarty

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Donough MacCarty fjirde greve fan Clancarty (Blarney (greefskip Cork), 1668 - Praalshof (Altona), 1 oktober 1734) wie in ferbanne Ierske ealman dy't him deljoech yn Aldwâld.

Jonkheid[bewurkje seksje | edit source]

Donough MacCarty wie de soan fan Callaghan MacCarthy en Elizabeth Fitzgerald. Doe't Donough 8 jier âld wie ferstoar, op 21 novimber 1676 syn heit, de tredde greve fan Clancarty, en waard Donough de fjirde greve. Hy krige lykwols yn Ingelân in protestantske opfieding fan de biskop fan Canterbury, en boaske op 13 desimber 1684 mei Elizabeth Spencer.

Jabik en Willem[bewurkje seksje | edit source]

Doe't Jabik II fan Ingelân yn 1685 kening waard gong Clancarty werom nei Ierlân. Jabik kaam yn 1689 yn Ierlân oan, yn it skeel tusken Jabik en Willem, en wie doe gast by MacCarty. Dounough wie ek befelhawwer by de kening syn kavalery, en dêrtroch waard er dat jier finzen naam troch it leger fan de hartoch fan Marlborough en nei de Toer fan Londen brocht. Yn 1691 waard him syn titel ûntnommen, mar oars wie it Ferdrach fan Limmerik op him skynber net tapast, want earst yn 1694 koe er ûntkomme nei Frankryk, dêr't er it befel krige oer de wacht fan Kening Japik. Nei it Ferdrach fan Rijswyk yn 1697 gong MacCarty werom nei Ingelân om te besykjen wat fan syn besittings werom te krijen, mar hy waard daalks oanholden en werombrocht nei de Toer fan Londen. Nei in petysje oan kening Willem waard er yn maaie 1698 ferband. Op it betingst dat er nea werom komme soe nei Ingelân, krige er in jierjild fan 300 Ingelsk pûn. Dit wie in grut ferskil mei it jierjild fan mear as 100.000 pûn dat de besittings fan de famylje MacCarty opbrochten.

Aldwâld[bewurkje seksje | edit source]

MacCarty festige him yn 1698 yn Aldwâld. Hy naam nei alle gedachten it doe al besteande hûs oan it Sint Pitersgat oer fan Archibald greve fan Argyle dy't yn 1685 út Ingelân weiflechte wie. It gedrach fan in Ingelsk ealman dy't syn fermidden en syn jild kwyt wie, wie foar de doarpelingen skynber allemachtich núver, en hy krige de bynamme de mâle greve. Hy wenne oant 1707 yn it hûs, en wie yn alle gefallen yn 1722 noch de eigner. It hûs stiet der hieltiid noch, en hiet nei de greve de Mallegraafsboarch. It wiel hjit nei him it Mâlegraafsgat of de Mâlegraafsmar. En wat tichter nei Aldwâld ta, is der de Mâle Grevesbrêge.

Altona[bewurkje seksje | edit source]

MacCarty wenne net hiel it jier yn Nederlân, hy hie ek in hûs by Altona yn Dútslân. Mûglik is dêr yn 1704 syn frou ferstoarn. Tegearre krigen se trije bêrn, in soan Robert, in dochter Charlotte en in soan Justin.

Rottum[bewurkje seksje | edit source]

Op 23 desimber 1706 koft MacCarty it eilân Rottum, foar 3.000 gûne; nei alle gedachten ferfarre er yn 1707 nei it eilân. Der waard in each hâlden op wat er dêr die, ûnder oaren om't der yn datselde jier in Hollânsk frachtskip dat op it sân siet, fan de lading beroofd waard. Yn 1715 waard er sels oanholden, en waard oer gâns it eilân socht, mar der waard neat fûn dat op rôf tsjutte. In oar probleem wie it minne ûnderhâld troch de greve. By de Krystfloed fan 1717 moast er sels de wyk sette nei Warffum om't it net mear betroud wie op it eilân.

Alde dei[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1731 die er it eilân oer oan Piter Pivé, keapman te Dokkum, en ferfarre nei Praalshof, by Altona yn Dútslân, dêr't er 1 oktober 1734 ferstoar. Dêrby waard oanjûn dat syn titel earder hersteld wurden wie, en dat syn soan Robert de fiifde greve van Clancarty waard. Mear liket der oer dat herstel lykwols net bekend te wêzen.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

Reinder H. Postma út Aldwâld hat in bulte ynfomaasje oer de greve en hat der oer publisearre. Dit boek is op 16 juny 2008 útrikt oan dr. Oebele Vries fan de Ryksuniversiteit Grins en oan dhr. Bearn Bilker, boargemaster fan Kollumerlân, c.a. It boek is te krijen by de auteur. It boek hjit fan: Donough McCarthy, 4th earl of Clancarty.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • The MacCarthys of Munster, Samuel Trant & Terence Francis McCarthy, (1922 - The Dundalgan Press, Dundalk, Co. Louth, Ierlân)