Springe nei ynhâld

Donkere plakflinter

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Donkere Plakflinter)
donkere plakflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje aureliaflinters (Nymphalidae)
skaai echte plakflinters (Melitaea)
soarte
Melitaea diamina
Lang, 1789
IUCN-status: net bedrige

De donkere plakflinter (Melitaea diamina) is in soarte yn de famylje fan de aureliaflinters (Nymphalidae).

De donkere plakflinter libbet yn fochtige gebieten. De flinters binne faak te finen by rivierkes of fochtige greiden. Yn Nederlân komme se net mear foar. Der wiene grutte populaasjes yn de Achterhoeke, Twinte en Limburch. Yn de jierren 1960 binne se ferdwûn.

Op de Nederlânske reade list stiet de donkere plakflinter as ferdwûn út Nederlân.

De wjuklingte is likernôch 16 oant 21 mm. De efterwjukken binne swart. De wyfkes hawwe de boppekant minder swart. De ûnderkant fan de wjukken hat giele plakken. De flinters falle dêrtroch goed op.

De flinter fljocht fan midden maaie ôf oant ein juny. De donkere plakflinter fljocht yn ien generaasje.

De jonge rûpen meitsje in grut nêst mei spinsels. De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp ûnder de blêden. Soms oerwinterje rûpen twa kear. As it waar der net neffens is en der net folle fretten foar de rûp is, dan wachtet er op in better jier.

De rûp fret de grutte faleriaan en de lytse faleriaan.